Sneon 25-11-2023

Weppers freed 24-11-2023
24 november 2023
SDS 1- YVC 1 yn byld
26 november 2023

Hawwe jim in teamfoto, útslach of oars wat leuks te melden stjoer it nei aant@vv-sds.nl en willem@vv-sds.nl

09:30 SDS JO11-1 – Minnertsga JO11-1JM 5-6
09:30 SDS JO9-1 – VV Sneek Wit Zwart JO9-1 9-5
09:30 SDS JO8-1 – SC Franeker JO8-1 4-5
10:00 ST SDS/Nijland JO14-1 – Workum JO14-1 3-1
10:30 SDS JO10-2 – Terschelling JO10-1 4-6
11:30 ST SDS/Nijland JO17-1 – VV Sneek Wit Zw JO17-1 2-1
14:30 SDS 4 – Leeuwarder Zwaluwen 10 5-2
15:00 SDS 1 – IJVC 1 1-1
08:30 St.Annaparochie JO9-1 – SDS JO9-3
08:45 Zeerobben JO13-2 – ST SDS/Nijland JO13-1 0-2
09:00 ONS Sneek JO11-2JM – SDS JO11-2 g.n.t.
09:00 Mulier JO10-1JM – SDS JO10-1
09:00 vv Nijland JO8-1 – SDS JO8-2
09:45 LSC 1890 JO9-2 – SDS MO9-1
10:00 SJO RVLC JO9-1 – SDS JO9-2 5-2
11:45 SC Franeker JO12-1 – SDS JO12-1 4-1
12:30 ONS Sneek JO15-3 – ST SDS/Nijland JO15-1 6-3

SDS 1 – YVC 1

In ploech sûnder fertrouen pakt ek tsjin 10 man út Drylts de trije punten net.
Nei in donkerreade kaart foar de doelman yn minut 53 komt SDS 1 troch Erik Haitsma op 1-0.
Dêrnei is it mei 11 tsjin 10 in gelykweardige striid.
YVC 1 is net benaud der út te kommen en SDS 1 is machteleas.
Wol wat kânsen, mar de oertsjûging mist.
In teloarstellende punt.

Erik Haitsma skeat de 1-0 binnen.

Mar IJVC makke der spitich genôch 1-1 fan…..
Der komme noch mear foto’s fan Henk Bootsma oan.

Pupillen fan de wike

Ruerd en Wiebe Terwisscha van Scheltinga wiene sneon de pupillen fan de wike.  Sij mochten de bal nei it fjild bringe, it earste doelpunt meitsje, ferklomje yn de dugout en papat ite.
De twa jonges binne neven fan elkoar

SDS 4 – Leeuwarder Zwaluwen 10

By SDS 4 koe Robert Sijbesma wer ris mei dwaan. Hy probeare it in helte en dat gie net ûnaardich. Gjin lêst, mar ek gjin goal. It wedstrydritme moat noch efkes wer komme.
Feite wie topfit en makke al goals. Ien út in frije traap en ien út in penalty. Sije skoorde sa as gewoanlijk de oare goals wienen fan Peter en Harm. Jelte keepte op ‘e nij in knappe pot, mar koe net foarkomme dat de Ljouwerters dochs noch 2 kear skoorden. It waard 5-2.
Kommende sneon mei SDS 4 nei koprinner TOP ’63 2.

SDS/Nijland JO17-1 wint


Hurde wyn, fûle rein en in angstgegner. Tsjin dy trije yngredienten moast SDS/Nijland JO17-1 stride.
It wurdt 2-1 tsjin SneekWitZwart JO17-1 en sa bliuwt SDS/Nijland JO17-1 kreas koprinner yn de 1e-Klasse.