Sneon 24-1-2026

Weppers freed 23-1-2026
23 januari 2026
Weppers moandei 26-1-2026
26 januari 2026
Weppers freed 23-1-2026
23 januari 2026
Weppers moandei 26-1-2026
26 januari 2026

Hast in folslein programma. Al wurdt it meast ôflast.
SDS 1 en SDS JO19-1 dogge it sawisa noch in sneon rêstich oan.
It B-fjild leit der al út.

It keunstgersfjild wurdt sneon om 7.30 en 12.00 oere keurd.

09:30 SDS JO14-1 – Urk JO14-3 g.n.t.
09:30 SDS JO11-1 – Workum JO11-2 g.n.t.
09:30 SDS JO9-2 – SJO Arum/Stormvogels ’64 JO9-1JM g.n.t.
09:30 SDS JO8-2 – NOK JO8-2 g.n.t.
10:00 ST SDS/Nijland JO15-1 – S.F. Deinum JO15-1 g.n.t.
10:45 SDS JO10-1 – S.C. Stiens JO10-1 g.n.t.
11:00 SDS JO12-1 – Blauw Wit ’34 JO12-4 g.n.t.
11:15 ST SDS/Nijland JO17-1 – SJO RSC JO17-1 g.n.t.
14:30 SDS 3 – Hielpen 2 g.n.t.
14:30 SDS 4 – Oosterlittens 3 2-0
09:00 Bakhuizen JO10-1JM – SDS JO10-2 g.n.t.
09:00 GAVC JO8-1JM – SDS JO8-1 g.n.t.
09:30 SF Tsjom JO11-1JM – SDS JO11-2 g.n.t.
10:00 AVV JO9-1 – SDS JO9-1 g.n.t.
10:15 Oosterlittens JO12-2 – SDS JO12-2 g.n.t.
10:45 SJO DFC JO12-2 – SDS MO12-1 g.n.t.
14:30 Minnertsga 2 – SDS 2 g.n.t.

SDS 4 – Oosterlittens 3

Uteinlijk waard der mar ien wedstriid spile yn Easterein. Moarns wie it keunstgersfjild noch te glêd, mar om 14.30 oere wie it wol ûntaaid.
Mei in skerpe eastenwyn mochten de âldsjes mei wat oanfulling fan wat jonge hûnen dan foar it earst wer balje yn 2026 en dat yn in derby tsjin vv Oosterlittens 3.
Wêr ’t freedtemoarns noch net ien keeper op papier stie by SDS stienen der sneontemiddei samar 3 keepers by de seleksje.
Mark mocht keepe en Jan-Peter en Jelte mochten beide balje.
SDS en Littens wienen de earste helte aardich oan elkoar weage. Dit levere net folle kansen op. Dochs waard it 1-0. Robert koe frij sjitte op goal, mar rekke de bal sa bryk dat de bal samar foar de fuotten fan Hendrik de Jong foel en hy frij ynsjitte koe.
Mei de rêst stie it noch 1-0 en nei de té kaam SDS krekt wat skerper út de boks. Kansen genôch foar Jan-Peter, Boaz en Hendrik, mar de bal woe der net yn. Uteinlik smite Boaz(JO17) de wedstriid yn it slot troch in foarset fan Jan-Peter binnen te rinnen; 2-0.
De measte taskôgers hienen foar dizze wedstriid in VIP-kaart kocht efter it rút fan de kantine en seagen de prima liedende  skieds good-old Stefan van Krimpen om 16.15 oere stipt ôffluitsjen.
Nije wike mei SDS 4 op ‘e nij thús balje. Dan tsjin WPB 4.