Weppers woansdei 15-8
14 augustus 2012Weppers tongersdei 15-8
15 augustus 2012Skoalleseize 25 jier
Stifting “de Skoalleseize bestiet eind dizze moanne 25 jier. Dat wurdt fierd. 4 dagen lang stiet it kompleks bol fan aktiviteiten.
Neidat tongersdeitejûn de resepsje plak fûn hat (elkenien is wolkom), freed de keatsers foar master op slaan, sil de sneon foaral yn it teken stean fan fuotbal.
It programma
It programma foar de 4 dagen fan de Skoalleseize kinne jim hjir sjen.
Klinik foar de jeugd
Sneontemoarn om 10.00 is der in klinik foar de F, E, D en C jeugd fan SDS. Under lieding fan Jaap de Blaauw en spilers fan it earste.
It opjaan foar dizze klinik kin hjir dien wurde troch dit formulier yn te fullen.
Jou je sa gau mooglik op.
Wy hawwe begrepen dat it tige de muoite wurdich wêze sil.
Fuotbalgolf foar de A,B-junioaren, froulju en senioaren
Middeis is der “iets te dwaan” foar de B, A, froulju en senioren. It is net in gewoan fuotbaltoernooi mar der wurdt in golffuotbal parkoers útsetten en de hiele Skoalleseize en it MFT docht mei. Wij sjogge it al foar ús mei al dy ballen oer de kantine hinne en tusken de beammen troch fleane. Jim kinne jim al opjaan. Skriuw yn op dit formulier.
Fuotbalgolf?
Sa soe dat ûngefear gean kinne: