SDS-League: ‘FC Pompoen’ pakt de wykpriis!
16 april 2024Freedtejûn 19-4-2024
18 april 2024Sjouke Sjoukema
Nei syn wurksume libben siket Sjouke Sjoukema fan Itens wat frijwilligerswurk.
Hij fynt dat bij SDS.
Tegearre mei oare frijwilligers helpt hij mei it fjild te ûnderhâlden en der foar te soargjen dat it der sneons goed bijleit.
Ek helpt hij mei bij it opromjen en skjinmeitsjen fan de kantine nei wer in moaie fuotbalsneon as assistint fan Harm Bergsma
Sjouke Sjoukema rekket ek belutsen bij de A-junioren, as assistint fan lieder Freddy Scheltema en neist in kampioenskip is ien fan syn hichtepunten de reis nei in A-junioren toernoai yn it bûtenlân.
Sjouke Sjoukema wennet sûnt in jier as sân yn Nij Stapert.
Moandei 15-4-2024 is Sjouke Sjoukema stoarn.
Hij is 89 jier wurden.
Wij fine yn ús argyf noch wat karakteristike foto’s en ferhaaltsjes fan Sjouke Sjoukema
De jierdei fan Sjoukema yn 2005
Fansels kaam syn maat Harm Bergsma ek efkes lâns.
Harm hie it goed yn ‘e holle.
Hy moast perfoarst healwei twaen wer thús wêze.
Dit moast gjin probleem wêze wie it net dat Sjouke krekt de sop en broadsjes klear hie op it momint dat Harm nei hûs ta soe.
Harm tocht gau de sop efter de kiezzen te wurkjen en dan nei hûs ta te gean.
Hjir tocht Sjouke allinne wat oars oer.
Hy hie de sop goed hyt optsjinne dat Harm syn mûle der net op doarde te setten.
Doe ’t de leppel ek noch krom luts fan ‘e hitte wist hy hielendal net mear hoe der it hawwe moast.