SDS-League: ‘MarkrEeltje’ pakt op ‘e nij in wykpriis!

SDS 1 – S.V. Oosterwolde 1 yn byld
10 december 2023
Weppers tiisdei 12-12-2023
12 december 2023

Marije en Eeltje pakke foar de twadde kear alwer dizze edysje de wykpriis yn de SDS-League mei ‘MarkrEeltje’. Mei mar leafst 78 punten bliuwe sy Lourens’ ‘Kale Batsaap’ krekt 4 puntsjes foar en Grietzens ‘Balletje Balletje’ 3 puntsjes.

‘FC Mislintat’ fan Seriette Strikwerda stiet noch altiten boppe-oan yn de SDS-League. Sy is wat útrûn en stiet no 10 punten foar op nûmer 2, Matthijs Postma’s ‘FC Olé Olé’. Op nûmer 3 ‘MarkrEeltje’ hat sy 11 punten foarsprong. Wy binne benijd as it genôch is foar de titel. Nei kommend wykein witte wy it.

As je Dirk hjitte dan is de kans grut dat je yn de top 10 steane. Sawol Dirk Kuperus(mei Bauke Dijkstra en Stefan Kuperus), Dirk Stegenga as Dirk de Jong(mei Mika) steane yn de top 10.

Underyn de list is it bliksemsspannend. Sa is de striid tusken Melle en (omke) Ate heftich. Mei noch ien wike te gean hat Melles ‘Piep piep, omke Ate’ 2 puntsjes mear as Ates ‘Jammer Melle’.
(heit) Teade hat de striid al opjoen. Hy hat mei ‘Better as Ate mar leafst 53 punten minder…..

De reade lantearn is noch altiten foar Sietze Stoffelsma’s ‘Laatste Hoop’. It kin noch spannend wurde, want Jaaps ‘Torpedo Toering’ stiet mar 11 puntsjes foar.

 

SDS League 2023-2024 earste helte stand wike 11