SDS-League: Marcs ‘Hoekstra City’ pakt de wykpriis!

Tongersdeitejûn oefenwedstriid: Drachten 1 – SDS 1
19 februari 2026
Tongersdeitejûn oefenwedstriid: Drachten 1 – SDS 1
19 februari 2026

Nei hjir en dêr noch in teamke repareard te hawwen en de punten fan Sparta – NEC noch meiteld te hawwen is hjir dan eindelijk de earste stân fan de twadde helte fan de SDS-League.
Moai om te sjen dat der dochs wer 68 teams meidogge.

De útspile wedstriid Sparta – NEC fan ôfrûne tiisdei feroare net folle mear oan de stân nei snein.
Marcs ‘Hoekstra City’ pakt de earste wykpriis. Hy pakte mar leafst 55 punten. Dat binne krekt 2 puntsjes mear as ‘BarbEeltje’ Postma(ferline kear noch 3e) en 3 punten mear as ‘T. de B(eter)’ fan Teade de Boer.

In prachtige âlde foto fan Marc

Mika en Dirks ‘De Jong Boys’ begjint mar wer knap. Nei de titel yn de earste helte fan de SDS-League begjinne sy no as nûmer 4.

Moai om te sjen dat ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal en Willem Twijnstra sa goed oan de twadde helte begjinne. 2 wiken werom krigen sy noch de SDS-poedelparaplu foar harren lêste plak yn de earste edysje fan dit seizoen en no begjinne sy op nûmer 10.

In protte koaches yn de SDS-League binne aardich fan it hynder no’t it der op liket dat Til fan PSV inkelde wiken út de roulaasje is. Miskien helpt it om te sizzen dat sa ’n 30% fan de teams yn de SDS-League Til yn harren team hawwe.

Auke Eringa begjint mei ‘Roggeberg Boys’ op it ûnderste plak, mar dat seit noch neat fansels. Der binne noch 11 stannen te gean.

SDS League 2025-2026 stand twadde helte wike 1