SDS-League: Jelmers ‘Brouwer-Power’ pakt de wykpriis!

SDS 1 – sc Joure 1 yn byld
3 maart 2024
Weppers woansdei 6-3-2024
6 maart 2024

It is dizze wike Jelmers ‘Brouwer Power’ dy’t de wykpriis wer ris pakt. Best wol ferrassend, want hy stie mar op it 66e plak. Hy hie krekt 2 puntsjes mear as ’15 juny, Slachtepop’ fan Broer Greidanus.


‘Munnaps FC’ fan Bote Strikwerda stiet wer allinnich boppe-oan. Hy hat syn 2 neiste konkurrinten, dy’t  ferline wike noch likefolle punten hienen, ôfskuodde, mar no komt Wessel Wijnja der oan op nûmer 2 mei ‘FC Voed’  en mar 3 puntsjes efterstân.

‘RomantiRickie’ Hendriks is de karnaval aardich trochkommen en pakt dizze wike mar leafst 58 punten. Hy stiet no 14e en sil him fêst noch wol melde yn de top 10.

Sierhuis(FOR) hie dit wykein mar leafst 20 punten, mar wy koenen sa gau net in team yn de SDS_League fine dy’t him yn syn team hat. Dan wie de bêste opsje hast wol de foarhoede; Brobbey(AJA), Gimenez(FEY) en De Jong(PSV). Der binne noch wol wat teams dy dizze foarhoede opsteld hawwe.

Underoan bliuwt it stuorke wikseljen. No stiet Marc Hoekstra lêst mei ‘Hoekie Boys 12’. ‘Ik win fan heit en Tim’ fan Fenna Sweering hat it ek draach. Sy stiet ien nei lêst.

 

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 4