SDS-League: Gerwins ‘Mighty Mike’ pakt de wykpriis en de kopposysje.

Weppers tiisdei 24-3-2026
24 maart 2026
Weppers tiisdei 24-3-2026
24 maart 2026

Gerwin Sijbesma pakt mei ‘Mighty Mike’ net allinnich de wykpriis, mar ek de koppoysje. Hy stiet no ien puntsje foar op Tsjalling Sikma’s ‘FC Dronryp. Marcs ‘Hoekstra City’ sakket nei it 3e plak, mar stiet mar 5 puntsjes efter.

Melle de Boer syn omke Jaap van Hellemond stoarmet mei ‘FC Trije Bergen’ de top 10 binnen. Melle stiet sels mei ‘Melle Meulensteen’ op it 26e plak.

Op de Master O. Hiemstrastrjitte yn Wommels hinget mooglik de kommende 2 wiken de flagge út. Cambuur is ommers noch altiten net promofeard en Sjoerd giet mei syn ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ wer ris oer Jaaps ‘Torpedo Toering’ hinne. Ungemien spannend op dat 60e en 61e plakje, want it ferskil is mar 2 puntsjes.

‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager. Jelmers ‘Postmeister” hâldt har no noch wat selskip op 64 punten foarsprong.

 

SDS League 2025-2026 stand twadde helte wike 6