SDS-League: Germ pakt mei ‘BB’ de wykpriis!

Woansdei 15 april kidsrun by sc Heerenveen
17 maart 2026
Woansdei 15 april kidsrun by sc Heerenveen
17 maart 2026

Op de dei fan de gemeenteferkiezings pakt Germ Stenekes mei syn ‘BB’ wer ris in wykpriis.
Mei mar leafst 70 punten bliuwt hy Gerwin Sijbesma mei ‘Mighty Mike’ en ‘De Roggeberg Boys’ fan Auke Eringa krekt ien puntsje foar.

Auke Eringa is mei ‘De Roggeberg Boys’ aardich oan it klimmen op de ranglist. Hy begie ûnderoan, mar stiet ynmiddels al 19e. Dit belooft nog wat.

Marcs ‘Hoekstra City’ pakt de kopposysje werom fan ‘FC Dronryp’ fan Tsjalling Sikma en stiet no wer 4 puntsjes foar.

Fenna Sweering har earste doel is berikt. Mei ‘Better as heit en Tim 3.0’ stiet sy no 22e en dat is heger as broer Tim(29e) en heit Hendrik(63e). No trochsette!

‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager. Ate-Feike de Boer hâldt har mei ‘DJ Dieter’ noch wat selskip op 41 punten foarsprong.

SDS League 2025-2026 stand twadde helte wike 5