It binne nuvere wiken yn de SDS-League. Der wurdt wol gauris in wedstriid staakt yn de Eredivisie dy ’t dan letter nochris meiteld wurde moat en der wie no in heal trochdewyksprogramma dy ’t earder dit seizoen útsteld waard. It systeem is net sa makke dat der wedstriden net meiteld wurde kinne, dus wy moatte alles wol meitelle. Dat levert by tiden al wat nuvere puntenoantallen op.
It is dizze wike ‘Fc Olé Olé’ fan Matthijs Postma dy ’t it meast profiteard. Hy pakt de wykpriis mei mar leafst 106 punten.
Matthijs bliuwt ‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma en ‘RomantiRickie’ Hendriks krekt 3 punten foar. De leafde docht Rick Hendriks blykber goed, want hy pakt mei ‘RomantiRickie’ al de kopposysje.
‘Stem 22 november Habtamu de Hoop’ is aardich sakke yn de ‘peilingen’. Ferline wike stie hy noch boppeoan en no 22e……. Dat kin gjin tafal wêze!
De webmaster sûnder burd hat eindelijk ôfskie naam fan de reade lantearn yn de SDS-League. De punten fan Gimenez(FEY) en Van Bommel(AZ) dienen him goed. Jaaps ‘Torpedo Toering’ gie as in raket nei ûnder en stiet no lêst.
SDS League 2023-2024 earste helte stand wike 3