SDS-League: Enne’s ‘FC De Omropper’ pakt de wykpriis!

SDS 1 wint de twadde perioade
7 maart 2026
SDS 1 wint de twadde perioade
7 maart 2026

It is dizze wike ‘FC De Omropper’ fan Enne Bruinsma dy’t de de wykpriis pakt. Hy hâldt de ynfalomropper by SDS, Gert-Jan Hiemstra mei ‘Hiemteam’, krekt fan ’t hiem… Enne hat ien puntsje mear.

Tsjalling Sikma is mei ‘FC Dronryp’ de nije koprinner yn de SDS-League. Hy stiet 3 puntsjes foar op de foarige nûmer 1′ Marcs ‘Hoemkstra City’.

‘FC Woksnert’ fan Broer-Jacob Greidanus docht op ‘e nij goeie saken. ferline wike pakte hy de wykpriis en no stoarmet hy de top 10 binnen. Hy giet fan it 22e nei it 8e plak.

‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma hat in beroerd wykein hân. Mei mar 23 punten sakket hy fan it 4e nei it 18e plak. It koe wat lije, want syn Mulier wûn mei 4-1 fan Oeverzwaluwen.

Jaap en Sjoerd dogge al net mear mei om de prizen, mar meitsje der ûnderling wer in ûngemien spannende striid fan. Sy falle mei ‘Torpedo Toering***’ en ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ hast fan de ranglist ôf, mar wike net fan elkoars side. Dizze wike hawwe sy beide 31 puntsjes en steane 62e en 63e. De flagge bliuwt dizze wike op it Noard yn Wommels dus fier yn de top, want Jaap stiet noch altiten 7 puntsjes foar op Sjoerd.

‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager. Neiste konukurrint Jelmer ‘Postmeister’ stiet 29 puntsjes hjir boppe. Jelmer is dúdlik it Sevillawykein noch net hielendal te boppe.

SDS League 2025-2026 stand twadde helte wike 4