SDS-League: ‘De Jong Boys’ pakt de wykpriis!

SDS 1 wint oefenwedstriid tsjin Ouwe Syl 1 mei 3-1
23 april 2025
Hoe sit it mei dy efentuele neikompetysje eins?
29 april 2025
SDS 1 wint oefenwedstriid tsjin Ouwe Syl 1 mei 3-1
23 april 2025
Hoe sit it mei dy efentuele neikompetysje eins?
29 april 2025

It is ‘De Jong Boys’ fan Dirk en Mika de Jong dy’t dizze wike de wykpriis pakt. Sy pakke 60 punten en dat is krekt ien mear as ‘Noppert United’ fan Mark Klijnsma, ‘De Omropper’ fan Enne Jehannes Bruinsma en ‘Toro’s FC’ fan Tim Sweering. Jan-Friso Bruinsma komt mei ‘Bergosso’ krekt 2 puntsjes te koart.

Stefan van der Velde stiet mei ‘Frarjansesco Frajanioli’ noch boppe-oan yn de SDS-League. De konkurrinsje komt stadich oan al wat tichterby. ‘BarbEeltje’ Postma rint 5 punten yn en Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ sels 9 punten. Erik nimt it 2e plak wer oer fan Eeltje.

In minne wike yn Ouwe Syl. Earst ferlear Ouwe Syl 1 de oefenwedstriid tsjin SDS 1 mei 1-3 en no sakket Annejan Hallema mei ‘Ouwe Syl United’ ek nochris nei it ien nei lêste plak yn de SDS-League.

Dooitze Nauta hat mei ‘Skobberdebonk’ in knappe wike mei mar leafst 40 punten, mar bliuwt stiif lêst.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 8