SDS-League: Broer-Jacobs ‘FC Woksnert’ pakt de wykpriis!

Fuotbal op freed
4 maart 2026
Fuotbal op freed
4 maart 2026

Broer-Jacobs ‘FC Woksnert’ pakt de wykpriis mei 61 punten. It is him fan herte gund.
‘FC Woksnert’ syn joker is fansels Jacob Woksnert………..eeeuh Jacob Trenskow fan sc Heerenveen.
Dizze wike pakte hy 8 punten.

Auke Eringa’s ‘Roggeberg Boys’ grypt mei 57 punten mar krekt njonken de wykpriis. Auke liket hjir mei ôfskie te nimmen fan de ûnderste plakken.

Marcs ‘Hoekstra City’ stiet noch altiten boppe-oan. Tsjalling Sikma’s ‘FC Dronryp’ stiet no 2e op 9 punten.

Jelmer Posthumus hie net syn bêste wykein. De frou siik, de bern siik en úteinlik sels ek noch siik……… De 20 skamele puntsjes fan syn ‘Postmeister’ helpe him der ek net echt boppe-op.

Ate de Boers ‘DJ Dieter’ jout it lêste plak oer oan ‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma. Hooplik moat it bêSTE FAN ‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ noch komme.

SDS League 2025-2026 stand twadde helte wike 3