SDS League: Best genôch best genôch!

Frans Munsterman tekent by!
11 december 2014
Seleksjes sneon 13-12
11 december 2014

Hjoed kinne wy samar wer punten ophelje by ús puntenleveransier Gratisvoetbalmanager.nl. Dat is hartstikke moai, mar de spilers en de klups binne no yniens feroare………….. It blike allegear susterklups mei broerkes fan de wiere fuotballers. Sjoch it hjir mar ris nei.
Menno Depay, Kenzo Vermeer, Hilal Drost, Joeri Suk, Andries El-Ghazy……….., Orlando Schokker, Szabolcz Berghuis……….. It sil wol goed wêze.

Soe it dan dochs noch spannend wurde yn de SDS-League? Nûmer 2, Jaap “Torpedo Toering” rint samar 10 punten yn op koprinner Sjoerd “Algemeen Fons” Rispens. Mei noch 2 kompetysjeprogramma’s en PSV-Feyenoord kin it dan noch alle kanten op.

Rémon Rameau docht it dizze wike “Best genôch”. Hy pakt mar leafst 48 punten en dêrmei fertsjinne de wykpriis. Hy rollet dêrmei hiel foarsichtich nei de top 10 en dan kin in goeie einklassering der samar ynsitte.



Fansels is Remon bliid mei syn wykpriis, mar hy wol Ayanle fansels ek noch foarby. Dy bliuwt mei “FC Duits” krekt foar him yn de stân. Ayanle hie dan ek mar leafst 44 punten.

DDR docht it dizze wike hielendal net gek mei 29 punten, mar stiet noch wol gewoan 40 punten efter op nûmer ien nei lêst “VV BAK”(Almar en Boudewijn Kramer).


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.