Topskoorders o.e.m 5 april 2003
5 april 2003Program SDS kommende sneon 12 april
8 april 2003SDS hat ôfrûne sneon goeie saken dien. Wêr konkurrinten Mulier en Balk beide ûnderút gienen koe SDS Makkum de baas. Nei dizze winst mei SDS himsels koprinner nimme yn ‘e 3e Klasse. Dochs wie der nei de wedstriid weinich blidens yn ‘e kantine. Robert Sybesma foel nei 5 minuten al blesseare út de wedstriid. Nei de wedstriid blike hy opereare wurde te moatten oan in stikken kútbonke en skuorde ankelbannen.
SDS begie goed oan ‘e wedstriid en wie foaral gefaarlik by frije trapen en korners. De ferdedigers fan Makkum hienen it dreech mei de snelle spitsen fan SDS; Robert Sybesma en Hendrik de Jong. Nei 5 minuten waard Robert Sybesma ûnderút helle. Gjin swiere oertrêding en de skiedsrjochter liet trochspylje. Efkes letter blike it dochs slim te wêzen en moast Robert mei in brankaar fan it fjild ôf droegen wurde. Dirk Yde Sjaarda kaam der foar him yn. SDS bleaun gefaarlik, mar krige weinich kânsen. Nei in heal oere wie it Dirk Yde die, nei in moaie stekbal fan Tsjipke Okkema op Hendrik de Jong, de foarset fan Hendrik yn ‘e koarte hoeke skoppe koe. Egbert Bootsma koe de lykmakker krekt foarkomme troch in goeie frije traap fan Makkum út de goal te stompen. Foar de rest koe Makkum hjir net folle tsjinoer sette.
De twadde helte wie noch mar krekt oan ‘e gong of Dirk Yde Sjaarda makke syn twadde goal. In goeie stekbal fan Tsjipke Okkema sjitte hy yn ien kear efter de keeper fan Makkum. Nei in kertier makke Dirk Yde der sels 3-0 fan, nei in goeie foarset fan Harm Stremler. Hendrik de Jong wie wat minder gelokkich yn ‘e ôfwurking. Dochs koe hy flak foar tiid 4-0 meitsje neidat ynfaller Skelte Anema de bal der net yn krije koe.
SDS hat goeie saken dien mei dizze oerwinning. Dochs oerhearske nei de wedstriid de teloarstelling fan Robert Sybesma. Hy kin in skoft net fuotbalje. Feite de Haan krige syn 5e giele kaart en sil de kommende twa wiken skorst wêze. De jongerein fan SDS mei it de kommende wiken sjen litte. Sneon lieten sy sjen in goed potsje fuotbalje te kinnen. Man fan ‘e wedstriid, Dirk Yde Sjaarda, liet sjen skerp te wêzen foar de goal en ek Tsipke Okkema spile in goeie wedstriid.