Programma SDS dizze wike
30 september 2003Min waar sneon?
1 oktober 2003SDS gie tiisdeitejûn nei Warkum. Tsjin Workum bliuwe it fansels altiten spesjale wedstriden. Sy wolle per sé fan SDS winne………………….en wy winne meastentiids(de lêste jierren yn elts gefal). Workum hie der no alles oan dien om te winnen. De dyk fan Wommels nei Boalsert lei derút, dus moasten wy earst al in ein omride. Oansjoen wy om 7 oere al fuotbalje moasten hienen wy net folle tiid mear foar de warming-up. No is dit net sa slim fansels, mar om ús te yntimidearjen hienen sy yn Warkum ek nochris in bats kloate-musyk yn ‘e seal draaien. Willem krige lyk druk fan efter en hat earst nei it húske west wêrtroch hy hielendal in koarte warming-up hie(it drukken net meitelt).
Workum begie dan ek skerper oan ‘e wedstriid en stienen al gau mei 1-0 foar. Willem waande him noch op it strân fan Lanzerote en stie meastentiids mar wat mei de bal te pielen. Doe ‘t dit dochs ien kear heal wat lukte koe hy de bal by Tsjipke krije die ‘t der 1-1 fan makke. Efkes dernei gie Harm ek mar pielen en krige Tsjipke de bal wer en makke 2-1. Neidat Peter der 3-1 fan makke like de wedstriid al gau spile. Dochs makke Workum der flak foar de rêst noch 3-2 fan.
Workum begie sterk oan ‘e twadde helte en hie lyk twa beste kânsen. SDS wie hjirnei wer wekker en makke al gau de 4-,5- en 6-2 troch Harm, Peter en Anne. De moaiste wie de lêste goal fan ‘e wedstriid. Peter kaam fan links en ferslein syn tsjinstanner mei in perfekte “Panna”(bal tusken de fuotten troch), de keeper kaam op Peter ôf, mar ek foar him “panne”, want Peter fersloech ek him mei in “Panna” en it wie 7-2.
De stân sa at dy foar de wedstriid wie: