Nije weppers 19-6-2023!

Weppers woansdei 14-6-2023
14 juni 2023
Weppers 1-7-2023
1 juli 2023

Nije foarsitter

Fanôf no is Helga Develing foarsitter fan vv SDS. Sy hat it stokje oernommen fan Willem Wijnia. Willem bliuwt op de eftergrûn noch wol ien en oar dwaan lykas de webside, de teamyndielingen en de Treffer.

Nije teamyndielingen

Wy binne noch drok dwaande mei de seleksjes foar folgend seizoen. By de senioaren binne der folgend seizoen 4 teams. Der is gjin JO19. Hjir wienen te min spilers foar Dizze jongens skowe troch nei SDS 2. Op freedtejûn is der in frouljusteam en is der foar it earst in manljusteam.

Nije trainers

Johan Wittermans en Richard de Greef soenen de nije trainers fan de JO19 wurde, mar spitich genôch binne dêr net genôch fuotballers foar. Sy sille no de JO17-1 ûnder hannen nimme en hjir binne wy tige wiis mei.

Nije kompetysje-yndielingen

Alle neikompetysjes binne no klear, dus wy kinne no sjen by welke teams SDS 1 folgend seizoen komt te baljen. De KNVB moat hjir noch oer gear.

Data nije kompetysje-yndielingen

8 july: yndieling 1e Klasse en leger
28 july: bekeryndielingen
29 july: wedstriidprogramma beker
12 augustus: kompetysjewedstriidprogramma

Nij lid

Elger Turksma is fan doel om wer yn Wommels kommen te wenjen en wol ek graach wer by SDS balje en hat him lyk wer oanmelden as lid. Dit sil earst wol op freedtejûn by de 7 tsjin 7 wurde.

Nij goal

SDS hat yn Wommels wer in nij goal delsetten sadat de jeugd dêr mar om raak fuotbalje kin fant simmer.

Nije Treffer

Der komt noch ien Treffer sa oan it ein fan it seizoen. Hjir hawwe wy al wat help by nedich. Hawwe jim in moai seizoensferslach, in SDS-look-a-like of oars wat stjoer it dizze wike nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby (2174)

Tiid foar  in nije stoel….. en in nije foarsitter……..