Kwiswepperkes

Wepperkes -freed-
5 november 2004
Utslaggen 6 novimber
6 november 2004

De jûn
4 novimber jûns tsjin healwei 10 oere, kamen se binnen yn de kantine: Lolke, Jappie en Anne. De oandacht wie der lykwols noch net foar harren mar foar AZ. Omdat de organisaasje fleksibel is, waard besletten om de earste helt van AZ út te sjen en dêrnei te begjinnen. Spilers waarden foarsteld troch Aant en dêrnei koe Fred it fragefjoer begjinne

Earste 3 rondes
Om goed 10 oere giet it los. Jappie krige de earste 5 fragen en starte geweldich. Alle fragen goed. Lolke wie fan syn fragen der 3 goed te beanderjen en Anne twa. By Anne like de spanning op de stimbanden te slaan want dat hy it stadion fan de Graafschap net in namme jaan koe, kinne je oars hast net foarstelle. Hy sels ek net.
Yn de twadde ronde die ek bliken dat Lolke in stevige konkurrint fan Jappie wie en dat Anne it dreech hie.  Yn de tredde ronde liet Lolke syn tosken echt sjen. Hy wist syn eigen fragen hast allegear en koe ek noch inkele ferkearde fragen fan oaren fersjen fan in goed antwurd. Sa koe nei 3 ronden de balans opmakke wurde. Anne 7, Jappie 12 en Lolke 19 punten.

De finale
De finale mei it “Theo de Jong drukapparaat” gie dus tusken Jappie en Lolke.  10 fragen gie it om. Jappie naam brutaal in 2-0 foarsprong mar Lolke kaam goed werom. Nei 9 fragen wie de stân 3-3. Spannend dus. By de lêste fraach wie Lolke efkes sneller as Jappie en it antwurd wie goed. Lolke is de earste tsjinstanner fan Wichard en Willem op 8 jannewaris.

Dream
Grutte kans dat Anne Stenekes fannacht dreamt oer de Vijverberg. Hy koe der net opkomme en dêr hie hy de hiele jûn lêst fan.

Dream
Ek grutte kans dat Jappie Wijnia fannacht wekker wurden is yn in ferfelende dream oer in homofile sealfuotballer. Want neffens him hie hy mei dy fraach de striid ferlern. Dat Lolke wûn hie wie dan dêr oan ta mar dat hy op 8 jannewaris de striid net oangean mei tsjin Wichard Deinum dat fûn hy echt slim.

Lêze
Lolke wie de winner en hy wie dochs wol wat grutsk. Hy sil der alles oan dwaan om op de grutte finalejûn ta te slaan. Sa siet hy op de freed nei de kwis (hjoed dus) by “syn buorfroulju” alle sportboeken troch te lêzen. Want ja je moatte no wol alles goed byhâlde. Foar him maklik, sa neist de byb,