Ypma
4 augustus 2025Foar 10 eurie nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles
11 augustus 2025Hjoed hat de KNVB de kompetysje-yndielingen fan de B-kategory bekend makke.
Letter dit wykein sette wy de kompetysje-yndielingen fan de jeugd op de webside.
SDS 2:
SDS 2 mei kommend seizoen mar leafst 5 kear nei de haadstêd ta.
SDS 3:
Arum 2 en Mulier 2 meie it no ris by SDS 3 ynstee fan SDS 4 probearje.
Dit kear gjin Balk 5, mar wol Balk 4. Hielpen 2 út bliuwt it hichtepunt.

SDS 4:
SDS 4 hat de lêste jierren hast deselde kompetysje-yndieling. Dit kear dus gjin Arum 2 en Mulier 2, mar dochs wer TOP 2.
Alderaardichst dat Oosterlittens 3 en Oudega 1 der by kommen binne.

7×7
Ek de kompetysje-yndielingen fan de 7×7 binne no bekend.
Sawol 18+1 as 18+2 kin in kear op de fyts nei Littens op freedtejûn.





