Knabbel en Babbel

Topskoorders per 27-29
27 september 2003
D1 wint topper
28 september 2003

Mei Knabbel en Babbel nei BCV (út Bugum)

 

It seizoen is noch mar krekt los of de ploechfoarming krijt al gestalte. Sa kinne de  twa spitsen fan SDS 5 prima troch in ien doar , at it mar net tagelyk is en binne se ûnderwilens al in echt koppel. It koe dan ek net útbliuwe der moast in namme foar dit koppel betocht wurde, wêr dúdlik wurdt dat se op elkoar oanwezen binne mar ek dat er ferskillen binn.

De iene hyt Knabbel en dat hat wierskynlik te meitsjen mei de lichemsbreedte wat docht fermoeden dat hy graach borrelnútsjes lest. De oare hyt dan fansels Babbel en it sil dúdlik wêze hy fertsjinnet syn oandacht mei meast in goed ferhaal. 27 septimber setten Knabbel en Babbel (fansels yn de selde auto) ôf nei BCV (út Bugum ) Tal fan feteranen seagen út nei dit útstapke en hoopten noch efkes in glimp op te fangen fan Gabe, de yn feteranekringen tige bekinde humorist út it programma fan Sybe Satellyt.

By it opgean fan it fjild waard Babbel hast de dupe fan in wol hiel aardige grap.

Ek de tige geroutinearde Okkie krige it spaansk benaud doe’t in Burgumer oanjoech dat dizze skiedsrjochter allinne de wedstriid troch gean liet at elkenien skonkebeskermers oan hie.

Babbel en Okkie wolle graach harren tige oantrekkelike skonken sjen litte oan elkenien en fuotbalje altiten mei sokken sa leech mooglik.

It wie dêrmei yn de kâlde oarloach 1-0 foar BCV (út Bugum), mar it wie mei de rêst 0-2 foar ús. De 0 hâlde dat wie wichtich en de ferdigening mei Jacob P, Ype B, Jelle de B en Stoffel B soargen der foar dat Jaap B. in makkie hie.

Foaryn wiene der wol wat kanskes en lokkigerwize waarden der 2 benut. Knabbel, ûndanks it feit dat hy foarôf ferskate smoezen oandroegen hie om oan te jaan dat it lichaamlik net hielendal lekker siet (de bealch docht my oeral sear) skoorde twa kear en dêrmei hat er fan ús permisje om it tongersdeitejûns altiten hiel let te meitsjen.

De middenfjilders besochten it spul yn de twadde helte ek te diktearen en dat slagge.  Yn it skoft hiene Knabbel en Babbel efkes oerlein oer it oerspyljen en mei in pear tips fan Knabbel slagge it Babbel ek om twa kear te skoaren.

It giet te fier om hjir del te setten hoe’t de tarieding fan in feteraan it beste wêze kin, mar der waarden hiel wat opsjes oan jûn. Dúdlik is wol dat it net folle mei trainen te meitsjen hat en hurd wurkjen mar mear mei seks wêrby it wurkjen ek noch oan de oare helte oerlitten wurdt.

Knabbel en Babbel krigen harren oerwinningspremie ek dizze kear wer. Knabbel syn bourrelnúten en Babbel mocht de froulju efker de bar helpe mei omroppen fan de nummerkes foar de patat  en de platte heale hin.

Aant