Hoe komt it yn de SDS WK-League?

Weppers moandei 12-12-2022
12 december 2022
SDS WK league tuskenstân tiisdei 22.15 oere
13 december 2022

Mei noch twa heale finales en in finale te gean wurdt it hieltiten spannender. Uteinlik sille wy sneintejûn witte wa ’t de SDS WK-League wint.
Of soenen wy it al earder witte kinne?
Stel dat Kroatië en Marokko no yn de finale komme en dat der gjin reade kaarten mear falle en dat it tal reade kaarten op 2 stean bliuwt?
Mbappé de topskoorder bliuwt mei 5 doelpunten en der noch mar in pear giele kaarten falle.
Sommigen soenen harren dan no al ryk rekkenje kinne.

Net ien hat 3 reade kaarten foarsein:

read
Brend Toering 2
Hendrik de Jong 4
Jilles Reitsma 4
Okke van der Kamp 4
Pieter Wijnia 4
Bote Strikwerda 5
Eeltsje Bootsma 5
Frank Bervoets 5
Grietzen Broersma 5
Hendrik ‘Lewantoski’ Eringa 5
Jan Friso Bruinsma 5
Jelte-Pieter Dijkstra 5
Jurjen Eringa 5
Lisa en Tineke Hoekstra 5
Marc en Robert Hoekstra 5
Simon van der Vaart 5
Sybren Beert de Jong 5

Der binne no 212 giele kaarten fallen je meie der 5 kaarten ôf sitte. Foar sommigen fan dizze lju sitte der miskien noch wat bonuspuntsjes yn. Dêr binne ek noch in oantal dy’t mear as 225 hawwe. Mei in bepaalde skiedsrjochter komme we dêr maklik oan ta.

Lolke Hofstra 200
Aant Hofstra 201
Johan Delfsma 201
Skelte Anema 203
Habtamu de Hoop 206
Grietzen Broersma 207
Jimmy Pesto jr. 210
Kris Gaastra 210
Lourens van der Pol 212
Pieter Kamstra 212
Klaas Bouke Faber 219
Frank Bervoets 220
Jan Mulder 220
Brend Toering 222
Jelte-Pieter Dijkstra 224
Hendrik, Tim en Fenna Sweering 225
Rick Hendriks 225
Seriëtte Strikwerda 225
Willem Wijnia 225

Kris Gaastra en Auke Eringa sjogge Mbappé wol topskoorder wurden mei 5 goals en Pieter Wijnia sjocht Messi ek noch wol op 5 doelpunten kommen.
Der binne 20 dielnimmers dy ’t Mbappé as topskoorder sjogge, mar der binne ek noch 11 lju dy ’t Messi as topskoorder sjogge.

Net ien sjocht Marokko of Kroatië yn de finale. 22 sjogge Argentinië yn de finale kommen en 23 Frankryk.
Der binne sels 5 dy ’t in finale Argentinië – Frankryk foarsein hawwe.

Pieter Kamstra en Jelmer Posthumus sjogge Frankryk wol wereldkampioen wurden en Mbappé as topskoorder mei 6 doelpunten.

Al mei al stiet Skelte Anema no noch boppe-oan en sille wy sjen hoe as it jûn nei de heale finale tusken Argentinië en Kroatië liket.

PS: De bonuspunten fan Brend (2 x read) , Pieter en Lourens (212 giele kaarten binne al meirekkene.  Bij harren kin der dus punten ôfgean.