Gatske

Kompetysje-yndieling SDS 1. Wat falt der op?
11 juli 2025
Weppers woansdei 23-7-2025
23 juli 2025
Kompetysje-yndieling SDS 1. Wat falt der op?
11 juli 2025
Weppers woansdei 23-7-2025
23 juli 2025

Oh heden,
Gatske is stoarn.

Gatske Hiemstra út Easterein
De grutste SDS supporter, doarre wij wol te sizzen.
Ek de grutske frou, mem en beppe
Wij kinne har net oars as dat se oan de kant stiet bij it fuotbaljen op de Skoalleseize.
Miskien earst wol bij har man Geart, de razendsnelle fleugelspits fan SDS 1.
Dêrnei sneontemoarns at har bern yn de jeugd fuotbalje.
Ja, se is sels yn de jierren tachtich liedster fan SDS D2
Dêrnei hiel wat jierren nei SDS 1 bij al har soannen dy’t it in aardich potsje fuotbalje kinne
Of wer bij Geart dy’t jierren flagget at hij stoppet as fuotballer
Dan wer bij de jonges at se wat leger fuotbalje
Dan komt de sneontemoarn ek werom, want hast alle beppesizzers fuotbalje in perioade bij SDS
Tusken de middei nei hûs at de wedstriden it talitte en dan middeis wer nei SDS 1
Ut of thús, wij komme har oeral tsjin mei Geart.
Geart dy’t har ek trou fersoarge de lêste jierren at it hieltyd minder wurdt mei de sûnens.
Hoe min it ek liket, Gatske wol nei it fuotbal.
Gatske as frijwilligster ek bekend fan de snert bij de nijjierssit
Gatske dy’t ek jierren efter de bar stiet
Wat in inset foar SDS.
Sij is miskien ek wol de trouster besiker fan de SDS side.
Wat hat se ús dat faak sein: moarns it earste wat ik doch is op de SDS side sjen.
Fol belangstelling foar de klup SDS en ek foar de minsken dy’t dêr bij heare

Wij winskje Geart en bern en beppesizzers in hiel soad sterkte ta mei dit grutte gemis.
En wij sille Gatske foaral misse efter it stek bij SDS op sneontemoarn op sneontemiddei.
It ‘hoi Gatske hoe ist it”, sil net mear klinke

Willem en Aant

Wat foto’s út it argyf

2025 – Bij SDS 1 – Foarút 1

2025 -Yn har rolstoel

1985 – Liedster Gatske kampioen mei soan Gert Jan yn it team

Hiel wat jierren – Gatske mei de snert

Hiel wat jierren: Gatske as snertopskepper

Gatske draait kommende sneon lêste kantinetsjinst!   10- 4 –2011
Nei 30(!) jier is it dan safier: Gatske hâldt der mei op! Mar leafst 30 jier hat se har plakje mear dan skjinmakke achter de bar.  Oait begongen yn de âld keet, wêrby de oaljekachel smûk rikke en der noch gewoan rookt wurde mocht. Letter yn de tydlike kantine wêr’t no de opslach is en sûnt de bou fan de nije Skoalleseize noch altyd yn it spier. Mar no is’t moai west aldus Gatske en jou har ris ûngelyk! Wat in frijwilliger!
Wolle jim noch ien kear in bakje by har helje; kom gerust del! No sneon dus

Nei 2011 – tiid foar de neisit

De neisit yn Erica

Op de tribune as supporter

Gatske, altyd der by as supporter ek al kost it rinnen wat muoite