SDS-League: ‘Postmeister’ pakt de wykpriis!
19 april 2023Weppers freed 21-4-2023
21 april 2023Tongersdei 30 maart hienen wy de jierlijkse SDS-ledengearkomst.
Hjir de nijsgjirrichste saken:
– Rogé Metselwerken en Bouwbedrijf P. de Vries wurde sjurtstiper fan SDS 1 seal en Okkema is sjurtstiper fan SDS seal 2.
Boubedriuw Bootsma bliuwt ek de kommende 5 jier sjurtstiper fan SDS 2.
SDS is tige tefreden mei 98 Freonen fan SDS en 57 reklamebuorden.
– De jeugdkommisje hat dit jier aardich útpakt mei in SDS-FIFA-toernoai en de sponserrin by sc Heerenveen.
Hichtepunt wie dit jier foar de jeugd de wedstriid tusken SDS 1 en 75 jeugdspilers fan SDS tidens it 75-jierrich jubileum.
Der wienen dit jier kampioenskippen foar de JO15-2, JO12-1 en de JO11-1. Yn desimber waard de JO11-1 kampioen.
– Folgend seizoen sille Johan Wittermans en syn assistint Richard de Greef by de JO19 foar de groep stean. De JO19 stiet no boppe-aon en der sit noch wol wat rek yn dizze groep.
– Melle Terpstra giet op it stuit nei de sc Cambuur-fuotbalskoalle en Mika de Jong is útnoege om by sc Heerenveen in oantal proeftrainingen te dwaan.
– It jubileumwykein hat ús ûngefear €8000,- koste.
– Der is jild reserfeard foar de pannakoai
– Der is jild reserveard foar de energykosten foar de SKS.
– Foar it earst yn jierren draait SDS yn de min troch mei nammen de hege energykosten.
– De kaskommisje (Jort Strikwerda en Tjerk van der Pol) joue oan dat sy gjin ûnregelmjitticheden sjoen hawwe yn de finansjele administraasje.
– Jappie Wijnia nimt plak yn de kaskommisje en nimt it stokje oer fan Jort Strikwerda
– In kontribúsjeferheging fan sa’n 4 as 5% wurdt oannaam. Dit sil sa’n €5 mear wêze as no.
– De ponghâlder soe graach de kontribúsje inne wolle yn septimber en febrewaris ynstee fan desimber en maaie om’t by tiden leden al stope binne en dan noch betelje moatte.
– Habtamu de Hoop is benijd as der ek leden muoite hawwe om de kontribúsje betelje te kinnen. Dit hawwe wy as SDS net hielendal ynsichtelijk. Hjir binne noch gjin fragen of sa oer kommen. Mocht dit al sa wêze dan sille wy nei in passende oplossing sykje.
– Willem Wijnia stoppet nei 8 3/4 jier as foarsitter fan SDS.
– Helga Develing nimt nei it seizoen de foarsittershammer oer. Helga stelt har tidens de ledengearkomst noch efkes foar:
– Helga wennet no 3 jier yn Easterein, oan it Heechhiem 1, sy ferstiet hieltiid better Frysk, mar praat it (noch) net, sy is logopedist en wurket yn Noard-Hollân, sy hat bestjoerlijke erfaring by in fuotbalferiening en in atletiekferiening, sy sjocht dit as in kâns, mar ek in útdaging.
– Om de energykosten te drukken en te ferduorsamjen is de Skoalleseize drok dwaande mei sinnepanielen en yn gearwurking mei SDS mei LED-ljochten rûn it haadfjild.
– Tjerk van der Pol soe graach sjen dat de kantine en de bestjoerskeamers wat moderniseard wurde. De Skoalleseize sil hjir tegeare mei SDS en de KF mei dwaande en stiet al op de aginda.
– Lourens van der Pol soe graach wer taapbier yn de kantine sjen. De SKS jout oan dat dat lestich is sjoent de hegere kosten en legere opbringst en dat net al it kantinepersoniel makkelijk taapje kin.
– Stan Korbach soe graach sjen dat der faker muzyk yn de kantine is om sa de kantine-opbringsten omheech te krijen. SDS jout oan sawisa 4x per seizoen muzyk te regeljen en as it kin faker yn oerlis mei de Skoalleseize.
– Sneon 27 maaie slúte wy it seizoen feestelijk ôf. SDS 1 spilet dan syn lêste kompetysewedstriid thús tsjin Oudehaske 1. Hjirnei komt Sipke de Boer muzyk spyljen en is der in barbekjoe. Dizze is foar Freonen fan SDS, stipers fan SDS en frijwilligers fergees.