Ferling je seizoenkaart fan sc Heerenveen en stypje SDS!
7 juni 2024Weppers snein 16-6-2024
16 juni 2024De belangstelling foar dit EK skynt minder te wêzen as oars.
De hierbân fan Depay levere noch wat oandacht op mar fierders is der wat in ôfwachtsjende stimming.
Wij meie dan ek bliid wêze dat der sa’n 50 froulju dan wol manlju binne dy’t de muoite dien hawwe om it formulier yn te fullen.
In formulier hielendal goed ynfulle, sa’t wij dat tocht hiene, wie noch net sa maklik die bliken.
Miskien dat wij in folgjende kear mar in begjinbonus jaan moatte foar in folsein goed ynfuld formulier.
Hawar dizze 50 gean de striid meielkoar oan en wij sjogge ek genôch mooglikheden om it ûnderling meielkoar út te fjochtsjen.
Wat te tinken fan de twa jonge Hoekstra’s Lize en Marc, dy’t om de Hoekstra bokaal stride.
Wat te tinken fan de earetitel “de bêste fan Spannum”, wêr’t Ozzy flinke konkurrinsje hat dit jier.
Wat te tinken fan heit en soan Joustra, kinne dy aansens noch troch ien doar?
Heit en soan en de bruorren Van der Werf levert fêst ek moaie diskusjes op.
Bij heit en soan Teade en Melle de Boer sil gjin striid wêze. Dat wint de jonge Melle.
Wat meie wij ferwachtsje fan de Hofstra bruorrenstriid?
By de Wijnia’s is it al wis wa’t wint.
De famylje Overal fan Skylge en Easterein meitsje der fêst ek in moaie striid fan wêrbij wij de Eastereinders tippe mei Brent yn it team.
Wat te tinken fan it 6 tal fan Skylge, kinne sij ús miskien ferrasse.
Hoewol dy Skylgers dy hawwe ús al ferrast, sij hawwe de poedelpriis op ‘e nij beskikber steld:
in weardebon fan 50 euro te besteden bij fiskhannel van Dijk op Skylge…
Wij moasten dit fansels efkes stil hâlde om foar te kommen dat wij formulieren binnenkrigen mei Albanie en Georgie as finalisten……
Samme hat op ‘e nij foar in fikse poedelpriis soarge
It earste tuskenklassemint kinne jim sneintejûn let dan wol moandeitemoarn betiid ferwachtsje.
Wij winskje alle dielnimmers in protte sukses ta!