Douwe nei SDS, Remco nei Scharnegoutum

Nei de kryst weppers
27 december 2023
Weppers woansdei 3-1-2024
3 januari 2024

Op it ein fan it jier ek noch in ‘âldjiersstunt’ by vv SDS en vv Scharnegoutum.

Yn goed oerlis sil per 1 jannewaris Douwe Posthuma it trainersskip fan SDS 1 oernimme fan Remco Bervoets.

Remco Bervoets sil per 1 jannewaris by Scharnegoutum 1 it trainersskip oernimme fan Wibo de Brouwer.
Remco hie al by vv Scharnegoutum tekene om per 1 july te begjinnen, mar no ’t vv Scharnegoutum him per direkt hawwe wol is der yn goed oerlis mei alle partijen foar dizze oplossing keazen.
It kontrakt fan Douwe Posthuma as assistint-trainer fan Be Quick Groningen foar de rest fan dit seizoen is yn goed oerlis ûntbûn.