Doch ek mei oan de SDS-EK-League!

Programma freed 7-6-2024
5 juni 2024
De nije Treffer is klear!
7 juni 2024

It EK-fuotbal yn Dútslân stiet foar de doar en lykas foargeande EK’s en WK’s organisere wy by SDS wer in EK-pool oftewol de SDS-EK-League!
Elkenien mei meidwaan.
It kostet €10,- en it prizenjild is ôfhinklijk fan it tal dielnimmers.
Dêrneist is der in poedelpriis yn de foarm fan in SDS-paraplu.

Dielnameformulier SDS-EK-League 2024(yn PDF)
Dielnameformulier SDS EK-League 2024 (yn Word)

Doch EK mei!

Print it dielnameformulier út of ful it yn op de kompjoeter en bring it by:
*Aant Hofstra, Swingoerd 25, 8731 CV Wommels
of
*Willem Wijnia, de Homeie 27, 8731 EC Wommels
of
*Pieter Kamstra, Hofsleane 25, Easterein

of mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl

Yn de Jimbar yn Wommels lizze miskien noch wol wat útprinte fersjes.

Graach ynleverje foar woansdei 12 juny 19.00 oere!

Dan kinne wy freed 14 juny lyk los!
No al nocht yn!

Súkses!