De nije Treffer is klear!

Doch ek mei oan de SDS-EK-League!
6 juni 2024
Ferling je seizoenkaart fan sc Heerenveen en stypje SDS!
7 juni 2024

Us haadstiper Drukkerij Van der Eems hat der foar soarge dat de nije edysje fan ús klupblêd De Treffer wer klear leit om rûn te súteljen.
Metsje en Anne Stenekes sille se wer útsútelje nei de besoargers en mei in bytsje gelok kinne jim dit wykein de nije Treffer al lêze.

Wat kinne jim sa al ferwachtsje:

– in wurdsje fan foarsitter Helga Develing
– Tjeerd Dijkstra hat mar leafst 50 jier by SDS fuotballe en hinget syn fuotbalskuon no yn de wylgen. Heech tiid om him ris oan de tosk te fielen.

– Joutsen van Ruiten fan de MO10 stelt har foar.
– Douwe Posthuma sjocht werom op it seizoen fan SDS 1.
– In ferslach fan it SDS-FIFA 2024-toernoai foar de jeugd
– Allert Turksma sjocht werom op it seizoen fan SDS 2.
– Minne Bouma sjocht werom op it seizoen fan SDS JO17-1.
– Wy rinne alfêst foarút op de Slachtemaraton fan nije wike mei de SDS-drafers; Anne Stenekes, Jeffrey van der Werf, Allert Turksma en Tom WIjnia.
– Hoe sjocht de SDS-Feestkommisje werom op it seizoen 2023-2024. Safolle wie der net te fieren.
–  In weromsjoch op de SDS-slotdei foar de jeugd
– Rinse Joustra sjocht werom op it súksesfolle seizoen fan SDS JO14-1.
– De winners fan de SDS-League, ‘Buurman & Buurman’, Anco Bervoets en Kevin den Haan sjogge werom op harren kampioenskip.
– In weromsjoch op de sponserjûn mei John van Zweden.
– Wa is der topskoorder fan SDS wurden?
– En fansels ús fêste rubriken Hite Nútsjes, de SDS-Look-a-likes, de Alde Doaze en de aginda.

Wy sitte al te triljen foar de brievebus.