SDS FIFA-toernoai op freed 27 febrewaris. Jou dy no op!
4 februari 2026De wintertransferperioade sit der eindelijk wer op en dat betsjut dat wy wer los kinne mei in nije SDS-League.
It wurdt de 72e SDS-League alwer.
Troch omstannichheden hienen wy ien kear gjin winner.
Oftewol; wa wurdt de 71e winner fan de SDS-League?
De nije spilerslist kinne jim hjir fine:
*Spilerslist SDS-League twadde helte 2025-2026
Mocht it formulier net kloppe, mail dan efkes nei willem@vv-sds.nl.
It ynskriuwjild fan €12,50 wurdt oan it ein fan de SDS-League automatysk ôfskreaun.
De útlis, puntentelling en de prizen foar de twadde helte fan it seizoen 2025/2026 kinne jim hjir fine.
Je team moat ynlevere wurde foar
freed 13 febrewaris 20.00 oere!
Mochten jim noch foutsjes ontdekke yn de nije spilerslist mail it dan efkes nei sdsleague@vv-sds.nl.
(wy meitsje de list mei help fan gratisvoetbalmanager.nl)
Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen
Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.
Nije rigel:
Je meie net mear as ien team per persoan ynleverje.
De kosten binne €12,50 per seizoenshelte.
As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatysk ek mei oan de twadde helte fan it seizoen.
Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:
Pieter Kamstra, Hofsleane 25, Easterein
of by
Willem Wijnia, De Homeie 27, 8731 EC Wommels.
Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl
De stân kinne jimme eltse wike neilêze hjir op de webside!
Súkses!!



