De nije SDS-League! Ynleverje foar freed 14 febrewaris 18.00 oere! Kom mar op!

Jan Hiemstra sjocht werom
5 februari 2025

De transfermerke is eindelijk slúten en dat betsjut dat wy hast los kinne mei de twadde helte fan de SDS-League.
Wy hope alle transfers goed ferwurke te hawwen……

Meitsje je team en leverje je team yn foar freed 14 febrewaris 18.00 oere.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.

Nije rigel:
Net mear as ien team per dielnimmer.

De kosten binne noch altiten €12,50 per seizoenshelte.
As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatyske ek mei oan de twadde helte fan it seizoen.

Hjir it ynskriuwformulier yn PDF en Excel:
SDS League ynskriuwformulier twadde helte 2024-2025 (PDF)
SDS League ynskriuwformulier twadde helte 2024-2025 (Excel)
Wy sille ek wat formulieren yn de kantine del lizze.

Stjoer je team nei sdsleague@vv-sds.nl
Graach mei de spilers fan je team mei de nûmers der by.

Wy meitsje de list mei help fan gratisvoetbalmanager.nl.
Sjoch dus goed op welke posysje je favorite spiler stiet.
Gratisvoetbalmanager bepaalt, dus wy hawwe hjir gjin ynfloed op.
Alle wedstriden fanôf 14 febrewaris oant it ein fan de kompetysje telle mei foar de stân.

Mocht der iets net kloppe dan heare wy it graach.

Set ‘em op!

De SDS-Leaguekommisje