Beker/ 1e fase kompetysje-yndielingen jeugd 2023-2024

Kompetysjeprogramma SDS 1 2023-2024
12 augustus 2023
Weppers moandei 14-8-2023
14 augustus 2023

De bekeryndielingen c.q. 1e fase kompetysje-yndielingen foar de jeugd binne ek bekend. Jim kinne se werom sjen op Voetbal.nl, mar wy fine it ek altiten aardich om se hjir besjen te kinnen.
Der wurde heale kompetysjes spile. Op voetbal.nl kinne jim de programma’s fine.

Wat falt ús op?
– Wy hawwe wer in famkesteam: de MO10
– MO10’s binne der blykber net folle, want de MO10 mei nei Littens en nei SJO/RJC oftewol Suwald en foar de rest binne de tsjinstanners jongensteams.
– De JO17-1 mei 16 septimber op de boat nei Amelân foar de útwedstriid tsjin Geel Wit.
– De JO12-1 krijt Geel-Wit spitich genôch thús.
– Ek JO9-2 mei net mei de boat. Sy spylje thús tsjin Terschelling.
– De JO9-1 en de JO8-2 hawwe mar 6 teams yn harren ‘bekerkompetysje’ ynstee fan 8