Kompetysje útslaggen 27-11
27 november 2004Wepperkes -sneintejûn-
28 november 2004SDS 2 frij maklik troch yn ‘e beker.
SDS 2 wûn sneon mei 7-0 út by Drogeham foar de beker. De earste helte koe SDS 2 mar muoisum troch de ferdediging fan Drogeham hinne komme. Drogeham krige sels 2 kansen op de 1-0 mar miste dy krekt. Henk koe de 1-0 meitsje troch in penalty. De twadde helte wie SDS 2 net te hâlden en hie Drogeham neat mear yn te bringen. De doelpunten waarden noch makke troch Mark(2), Stefan(2), Jan Simon en Willem. De goal fan Jan Simon wie de moaiste. Fanôf de hoeke fan ‘e 16-meter sjitte hy de bal mei in stift yn ‘e fierste boppe-hoeke.
“7-0, ik 2x”
Sneon frege Marco Hoekstra oan Stefan van Krimpen foar de wedstriid Drogeham-SDS 2; “wat wurdt de útslach fanmiddei?”. Stefan ropte werom: “it wurdt 7-0 en ik tink dat ik 2 kear skoor”. Marco wiisde op syn foarholle en rûn troch. Doe ’t Marco middeis yn ‘e fuotbalkantine kaam om te freegjen hoe as SDS 2 fuotballe hie koe hy wol fan syn kruk donderje………………….7-0 en ……..Stefan 2 kear skoort…….
QVC de folgende tsjinstanner
QVC 2 wûn sneon fan Zwaagwesteinde 2 foar de beker. Neidat de wedstriid yn 0-0 eindige wie namen de Starumers de strafskoppen better(7-6). SDS 2 spilet no yn de folgende (tussen)ronde tsjin QVC 2. Dizze wedstriid wurdt spile yn Easterein op (heechstwierskynlik) sneon 18 desimber. De winner giet nei (heechstwierskynlik) de lêste 16.
Tige by tige!
Inkelde SDS ‘ers hienen sneon de muoite nommen om hielendal nei Drogeham te fleanen om SDS 2 by te stean yn hun bekerstriid. Dit wurdt tige op priis stelt en hjirby wol SDS 2 dan ek persoanlik Harm Bergsma, Enno Bruinsma, Anne Brouwer, Gerrit Terpstra, Jan Van Asselt, Tinus Hoekstra, Oebele Anema en Jan de Jong tank sizze foar hun steun. Hooplik binne wy net ien fergetten.
SDS B1 nei de lêste 16
De junioren fan B1 sitte by de lêste 16 fan distrikt noard. Dêr binne se mar wat grutsk op. Want winne mei 3-1 fan Ens wie in goeie prestaasje. De trije doelpunten wiene fan Jelmer Posthumus. Ien skoorde hy út in strafskop.
Arie Guittart trofee
Yn Sudwest Fryslân wurdt alle jierren “striden”om de Arie Guittart trofee. Dit is in wikselpriis foar de sportyfste ploech yn de regio Snits. SDS wie útnoege om by de útrikking te wêzen. Dat betsjutte dat er in plakje by de earste 5 yn siet. Willem Twijnstra, dy’t it bestjoer fertsjintwurdige, wie dan ek oprjocht ferbaasd dat hy de wikselspriis fan seizoen 2003/2004 meikrige. SDS hat dizze priis foar it lêst wûn yn it seizoen 1985-86.
Dit wie de einútslach: