Befrijdingsweppers 2023

Weppers moandei 1-5-2023
1 mei 2023
50 jier lyn
9 mei 2023

AVC 3 – SDS 5 sneon om 14.30 oere

De lieding fan SDS 5 hat de hiele wike drok dwaande west om de kampioensseleksje foar sneon gear te stallen. Dit is hm úteinlik wurden:

Harm hat oeral oan tocht.


It wurdt sneon drok op de bank.

Kantine sneon iepen

Der is sneon fierder gjin fuotbaljen yn Easterein, mar it doel is al dat SDS 5 oan it ein fan de middei mei de kampioensskaal yn de kantine komt. De kantine is fanôf 17.00 oere iepen.

Dat kin wolris in gekkenboel wurde.

Bus is fol

SDS 5 sil sneon yn in folle kampioensbus nei Seisbjirrum nei AVC. Mei 24 man sit de bus oant de nok ta fol. Hooplik past de kampioensskaal weromreis der noch al by.

Campeoneskaal

It is noch net wis dat SDS 5 de kampioensskaal sneon ophellet by AVC, mar it is al wis dat de foarsitter fan SDS en spiler fan SDS 5 snein de ‘Campeoneskaal’ ophellet yn Napels mei wat oare SDS’ers. De Vesuvius liket op it stuit al útbarsten……..

Reuny

It like sneon wol in reuny by SDS. René Zijlstra, Dooitze Nauta en Dick Schuurman hellen wer efkes ferhalen út harren ferline by SDS 1 nei boppe en hawwe in alderaardichste middei hân.

Net folle weppers

Dit wykein net folle SDS’ers te baljen en beide wepmasters binne der op út, dus gean der mar fanút dat it folgende SDS-nijs hjir pas tiisdei of woansdei op de webside belannet. Lit it jim net tsjinhâlde om foto’s, ferslachjes en aardichheidsjes nei willem@vv-sds.nl en aant@vv-sds.nl te stjoeren.

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League komt sawisa net earder as kommende woansdei.

Harsens derby (2164)

Ho!

Letter miskien wol mear!