Alderaardichste SDS-nijjierssit

Weppers 3-1-2023
3 januari 2023
SDS útskeakeld op it OFK yn Frjentsjer
8 januari 2023

Sneon 7 jannewaris wer in alderaardichste SDS-nijjierssit hân.
Om 13.00 oere waard elkenien ferwachte. Sa koenen de kaarters moai om 13.10 oere los en de fuotballers om 13.30 oere.
By de kaarters waard der spile om 3 bomen fan 12.
Frou Bruinsma gie der mei de 1 priis (rollade) fan troch. Sy hie 4071 punten en dat wienen der 43 mear as Gerlof-Jan Hofstra.
Wilco Overal waard 3e mei 3760 punten en Harm-Auke Dijkstra pakte de poedelpriis.
De organisaasje wie yn hannen fan Popko en Anna-Marie Wijnia.

Anny Sjaarda
Baukje Bruinsma
Dirk Stegenga
Dirk-Yde Sjaarda
Doede-Douwe Koopmans
Eeltje Postma
Gerlof Jan Hofstra
Harm Dijkstra
Hessel Hofstra
Jan Friso Bruinsma
Pyt Postma
Rein Strikwerda
Rick Hendriks
Tjeerd De Vries
Ultsje Bouma
Wilco Overal
Willem Rienstra
Wouter Tjerkstra
Wouter Appelboom
Hans Kooistra

45 fuotballers hienen harren opjûn foar it fuotbalmikstoernoai.
Krekt te min foar 6 teams, mar moai genôch foar 5 teams en sa koe der moai 8 tsjin 8 balle wurde.
Om 13.30 oere mochten de earste teams los ûnder lieding fan Floris Hiemstra en Samir Tawafra.

Amarins Tjalsma
Anneminke Dijkstra
Auck Dijkstra
Douwe Jan Vellinga
Eeltsje Bootsma
Gerbrand Kramer
Gerwin Sijbesma
Habtamu De Hoop
Henk Postma
Jelle Vellinga
Jelmer Posthumus
Jelmer Brouwer
Jelmer Dijkstra
Jelte Spoelstra
Jelte-Pieter Dijkstra
Jildert Hiemstra
Jochum Postma
Johan Hiemstra
Jorrit Stap
Jurjen Los
Kerst Hoekstra
Kevin den Haan
Klaas van der Weg
Lieuwe Vriesema
Lourens van der Pol
Luuk Meijer
Lysanne Wiersma
Mark Klijnsma
Matthijs Postma
Minne Bouma
Niels Hiemstra
Pieter Sijtsma
Pieter Bouma
Seriette Strikwerda
Sije van der Schaar
Sjirk Vellinga
Stan Korbach
Tjitse Postma
Tom Wijnia
Tsjipke Okkema
Yke Gaastra
Yward Zijlstra

en Wierd Hofstra en Willem Wijnia.

By de fuotballers gie de titel nei Feyenoord mei Seriette Strikwerda, Gerwin Sijbesma, Lourens van der Pol, Jurjen Los, Jelmer Posthumus, Jildert Hiemstra, Minne Bouma, Jorrit Stap en Wierd Hofstra.

De rinners gienen om in oer as 14.00 oere in blokje om mei Jan Bouke Bouma.

De oplossing fan de Treffer-WK-krystpuzzel wie ‘wrâldkampioen’.
De SDS-paraplu gie nei Redmer Kamstra.

It fjild leit der kreas by.

Mei 20 kaarters en 45 fuotballers wie de opkomst sa goed as lyk as yn 2020.