Alde lullen fan SDS 5e op it krystsealtoernoai fan Frjentsjer

Krystweppers
22 december 2023
Nei de kryst weppers
27 december 2023

Juster mochten wat âlde lullen fan SDS sealfuotballe op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Der dienen 24 ploegen mei en waard wûn troch de Harnsers fan van der Ploeg Schilderwerken. Sy wûnen de finale fan Avanti nei penaltys.
SDS waard knap 5e neidat sy 2e yn de poule waarden en yn de kwartfinale ferlearen fan de lettere winners.
Foar SDS fuotbalden Bote, Anne, Feite, Feite syn sweager Frank, Tsjipke, Jelte-Pieter, Freek en Willem.
Mei in gemiddelde leeftiid fan 40 jier wienen sy fierút de âldsten en spilen sy foaral op routine.


SDS wûn fan de Natte Geiten(mei âld SDS’er Jacob van Wieren), Horeca Schatzenburg en Dani’s Metselwerken, spile lyk tsjin Van Stee Offshore en ferlear fan Van der Ploeg Schilderwerken. Sy waarden dêrmei 2e yn de poule en wûnen nei penaltys yn de 8e finale fan De Haan Reclame. Yn de kwartfinale wie SDS útpoept en ferlear fan de lettere winners Van der Ploeg Schilderwerken (Zeerobben). Bêste man by Van der Ploeg wie âld-SDS’er Dylan Drent dy’t dúdlik wer topfit is.
Nei it toernoai waard keeper Bote Strikwerda útroppen ta bêste man by SDS.
Anne Stenekes krige de priis foar de moaiste skuon.

Nei de earste wedstriid wie it al dien mei de sealskuon fan Anne. Lokkich genôch leinen der noch twa linker yn de bak mei ferlerne spul yn De Trije.