Ald-SDS wint by jubileum VVO

FC Ulu Spor 1- SDS 1 (+ferslach)
6 juni 2025
Freed âld-Nijland – ‘âld’-SDS yn Nijlân 7×7
12 juni 2025

Ofrûne freed mochten de âldsjes fan SDS oantrede tsjin de VVO All-Stars yn it ramt fan it 90 jierrich jubileum fan VV Oosterlittens.
Yn in alderaardichste wedstriid mei in soad publyk oan de kant kaam SDS yn de earste helte mei 3-0 foar, mar waard it yn de twadde helte dochs noch spannend. VVO kaam werom tot 3-2, mar nei de 4-2 wie de wedstriid spile.
Hjirnei waard it noch in alderaardichst gesellige jûn yn it MFC mei muzyk fan Jokers Wild.

Hjir kinne jim noch mear foto’s fine.