Ald SDS trainer Klaas Dijkstra stoarn

EK-League 23-6-2024
24 juni 2024
EK-League 24-6-2024
25 juni 2024

Dit berjocht die tal fan SDS-er sneintemiddei flink skrikken.

Ald SDS trainer Klaas Dijkstra, noch mar 66 jier âld, is stoarn.

Klaas Dijkstra wie yn earste ynstânsje 5 seizoenen trainer fan de A-seleksje bij SDS.

No kinne wij it ha oer de moaie sportive en suksesfolle jierren (1995- 2000) yn de meast twadde klasse fan it sneonsfuotbal.

We kinne it ek ha oer it seizoen 2004-2005 doe’t hij mei SDS  1 promoverre nei de earste klasse

neidat Lykle Bleekveld in prachtige basis lein hie en hij it fanôf april oernaam.

Mar leaver hawwe wij it oer de persoan Klaas Dijkstra, hoe’t dy him thús fielde bij SDS

en dat nei syn ôfskie mei meardere minsken kontakt bleaun

en dat hij altyd noch hiel belangstellend wie nei de klup mar foaral nei de minsken.

Hij hat ek noch jierren meidien oan de SDS league.

Neidat it berjocht op facebook ferskynde hawwe al tal fan SDS spilers en oare minsken binnen ús klup

harren meilibjen toand.

Klaas moast de lêste jierren de striid oangean mei de sykte Parkison en levere hieltyd mear yn.

Wij sprekke ús meilibjen út oan de (nijste) famylje fan Klaas en winskje harren sterkte ta mei dit gemis.