Tuskenstân SDS wk league 22-6-2018

Brazilie – Costa Rica        2-0

Stijn en Hendrik wiene sa ticht bij in moaie 15-punter. Mar doe wie dêr janker Neymar.
Hij skoarde de 2-0 en dêrmei wiene der mar leafst 9 oaren dy’t 15 punten krigen: Lolke, Douwe, Hendrik, Skelte, Hessel, Jan Toto, Tom, Sjoerd en Jacob.

Oan de kop no Douwe en Stijn mei 150, 3 man mei 145 en 1 mei 140.

Nigeria – Ysland      2-0

Dat dit in ferrassende útslach is docht wol bliken. Mar leafst 24 dielnimmers skoare neat. It binne Niels, Seriette en Jaap dy’t 10 punten binnehelje en it is Hendrik de Jong dy’t de 15 punten bijskriuwe kin.

Servie- Zwiterland    1-2

Lolke, Lieuwe Jan en Jacob binne spekkeaper dizze wedstriid. Sij hawwe de 15 punten wer binnen. En dat wylst in protte dielnimmers 1-1 tocht hiene en dus gjin punten helje.  Lolke de nije koprinner foar yn alle gefallen oant moarntemiddei 16.00 ta…