Tuskenstân SDS WK league 2018 op 11-7

De twa heale finales

Frankryk- Belgie 1-0

At Belgie wûn hie mei 0-1, wie Stijn Schildkamp de nije lieder. Mar it rint oars. Stijn sakket nei plak 14

Der falle klappen….. Skelte, de koprinner bliuwt stean op syn 393 punten, mar leafst 5 man fleane him foarbij. Lieuwe Jan Yntema is no de koprinner, mar ien flaterke sil him fataal wurde, want de konkurrinsje is grut. Frankryk yn de finale levert 35 punten op en dêrtroch binne der flinke stigers, want der wiene hiel wat dy’t Frankryk-Brazilie stean hiene en dan Brazilie op winst.

Kroatie – Engeland   2-1

It wie net mooglik dat er in soad feroarings plak fine yn it klassemint, want nimmen hat ien fan de twa ploegen yn de finale stean. Wol skoarde Simon van der Vaart 2 puntsjes omdat hij foarspelde dat Engeland ferlieze soe

Wa’t yn de top trije einigt hat in priis.
1ste priis 75 euro
2de priis 40 euro
3de priis 20 euro

Poedelpriis 5 euro

Underyn hâldt Hendrik syn reade lantearne stevich fêst..