Tuskenstân SDS WK league 2-7

Brazilie- Mexico: Seriette Strikwerda  en Pieter Wesselius hellen de maksimale 18 punten. omdat se 2-0 opjûn hiene.

Belgie- Japan: 15 punten foar Aant Hofstra dy’t 3-1 oanjûn hie.

Foar de wedstriden fan hjoed skreaunen wij al dat de Yntema’s der oankomme.
Nei Brazilie- Mexico en Belgie-Japan is Lieuwe Jan Yntema de nije koprinner. Hij skoarde yn beide wedstriden 22 punten, wylst Pieter Wesselius 18 punten skoarde.
It ferskil komt lykwols troch de punten dy’t te fertsjinjen binne mei de ploegen dyt trochgean nei de kwartfinale. Pieter skoarde 10 (Brazilie) en Lieuwe Jan 20 (Brazilie en Belgie).

Skelte Anema, Hessel Yntema en Jaap Toering steane hiel ticht bij. Underoan hat Hindrik Eringa it tige nei de sin….