Tuskenstân SDS league 6-7-2018

Foarôf

Der is no wat misbegryp oer de puntentelling omdat it mear opfalt. Dit programma jout allinne mar punten at je “in ploech op it goeie plak” yn it skema hâlde. At je Ingelân en Belgie yn de poule oarsom hiene  (Engeland 1 en Belgie 2) dan folgen se beide in oare wei. Doe binne der ek gjin punten útdield foar pleatsing yn de achtste en kwartfinale. Dus no ek net foar de heale finale. Mei oare wurden komt Belgie fanút it  oare diel fan it skema yn de heale finale dan levert dat neat op.

It “moaie” fan dit programma is, dat it allinne mar punten jout at je it echt goed ha en de ploegen yn it goeie skeam hâlde

Uruguay – Frankryk    0-2

Bij al dizze kwartfinalewedstriden binne der 28 punten te fertsjinjen. At je Frankryk troch gean litte nei de heale finale binne dat 20. At je de útslach 0-2 sein hiene binne dat 8.
Der binne twa dielnimmers dy hiene dat goed en it is gjin tafal wa’t dat binne: De nû 1 en 2 fan it klassemint: Lieuwe Jan Yntema en Skelte Anema.
Fierders wiene der noch in oantal mei 25 punten: Pieter K, Douwe, Niels, Willem, Bote, Hessel en Pieter Wesselius.

Brazilie – Belgie    1-2

Belgie troch dat levere 20 punten op foar Stijn, Hendrik E, Aant en Tjeerd. Troch de goeie útslach wiene der foar Aant sels noch 8 ekstra en foar. Dy meitsje dus  hast allegear sprong yn it klassemint. Tjeerd komt sels de top 5 binnen. Foar Hindrik E is der no wat oansluting bij de ien nei lêste.