Klup fan 50

Sponsoring nimt in belangryk plak yn, sawol foar it betelle- as it amateurfuotbal. Soks is net mear wei te tinken. Ek net by vv SDS. Us klup hat sponsors mar hat ek Freonen. Sa binne ek de Freonen net mear wei te tinken by vv SDS. Sy binne tige wichtich foar ús. In Freon betellet ien kear yn it jier € 50,00.

Wat krije jimme der foar werom?
– Jimme namme komt op it Freoneboerd yn it MFS De Skoalleseize (mei ek anonym).
– Fergees tagong by de wedstriden fan it 1ste alvetal fan vv SDS. Jimme krije in paske tastjoerd.
– Utnûging foar de sponsorjûn. Dizze jûn organisearre wy ien kear yn de twa jier en nûgje hjir in sprekker út – meast binne it bekende nammen út de fuotbalwrâld – en wy slúte dizze jûn ôf mei in hapke en in snapke.
– Tagong ta de nijjierssit.

Sprekt it dy/jimme oan om Freon te wurden fan vv SDS?
Folje dan dit formulier yn of mail nei info@vv-SDS.nl!
Wier, jimme/do krije der gjin spyt fan!

Klup fan 50