Weppers woansdei 17-1-2018

Oefenprogramma SDS 2
15 januari 2018
Weppers tongersdei 18-1-18
18 januari 2018

Gjin trainen efter de sporthal

Der wurdt alwer folop traind troch ferskeidene alvetallen op it keunstgers. Om ’t it noch sa wiet is kin der efter de sporthal noch net traind wurde. Wy melde hjir op de webside wannear as dit wer kin.

SDS 4 oefent

De mannen fan SDS 4 sille kommende sneon ek oefenje. Sy spylje om 12.00 oere thús tsjin sc Bolsward 4. Mear oefenwedstriden en sealkompetysjewedstriden kinne jim hjir fine.

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 om 14.30 oere

Op sneeon 4 febrewaris spilet SDS 1 foar it earst wer in kompetysjewedstryd thús. Dizze wedstryd begjint wer ris âlderwetsk om 14.30 oere.

SDS 1 – Willemsoord 1 om 17.00 oere en nei de tiid muzyk

Foar it earst yn de skiednis fan SDS spilet SDS 1 ris in kompetysjewedstryd op sneon om 17.00 oere. Dit sil wêze op sneon 10 maart tsjin Willemsoord 1. Nei de wedstryd sil Gerrit Poortinga yn de kantine sjonge en meitsje wy der in gesellige jûn fan mei syn allen.

SDS JO 10-1 yn seal

Weer 2 gespeeld en 3 punten! Afgelopen zaterdag waren de toppers te bewonderen in Leeuwarden tegen Drachster Boys JO 10-2 en de 2e wedstrijd tegen Drachster Boys JO 10-1.
SDS JO 10-1 – Drachster Boys JO 10-2 uitslag 2-0
Drachster Boys JO 10-1 – SDS JO 10-1 uitslag 3-0

De eerste wedstrijd zag ik weer eens wat we de eerste 3 wedstrijden op het veld deden.
Mooie combinaties en veel strijd en niet zelfzuchtig door dit boekte de toppers ook een verdiende overwinning.
De 2e wedstrijd deden we tot de 10 minuten precies het zelfde en bleef het lang 0-0 maar helaas 3 fouten werden ons fataal als we iets sneller reageerde en in de bal kwamen dan had ik het nog wel willen zien.
Kortom ik kijk zeer tevreden terug op vandaag!
Groet Dennis

SDS seal yn de seal

Jûn 20.30 yn de Trije sil SDS seal wer los. Tsjinstanner is ZVF 1.

SDS op twitter


SDS sit sûnt 29 febrewaris 2012 op twitter. In noflik middel om fluch ynformaasje te dielen. Wij hawwe 734 folgers en dat binne dus minsken dy’t as earste de ynformaasje krije.  Neffens in analyse stjoere wij gemiddeld sa’n 2,5 kear per dei in berjochtje. Net alle berjochten meitsje wij sels. Wij stjoere ek wolris wat troch at oaren iets twitterje oer SDS.  Sa witte de fêste folgers wol dat de wedstriden fan SDS VR1 hast altiten fia twitter te folgen binne tanksij Jacomien Heeres. It sil jim dan ek gjin nij dwaan dat yn in oersicht fan de lêste moannen sij de measten twiits stjoerd hat wêr’t wij wat mij koene.
Wij wolle ek dit jier (miskien wol iets mear noch) gebrûk meitsje fan twitter.

Wat gjin Twitter hat en dat ek net wol, kin foar de twiits fan SDS ek telâne op de SDS side. Hielendal rjochts boppeoan op it fûgeltsje klikke en sjogge ús twitterside.

Harsens derby (1972)

Dat is ek wat! Hawwe je in knappe skynbeweging rekket de keeper yn de knoop………..