Weppers tongersdei 8-3-2018

Fan de Skoalleseize
6 maart 2018
SDS-League: ‘Pablo Rispens’ en ‘FC REJO’ pakke in wykpriis!
8 maart 2018

SDS seal

At alles goed gien is, hawwe de jonges út de seal drok oan it baljen west. Tsjin Black Boys waard it in 3-7 nederlaach.

Kantine is iepen!

Jûn wurdt der wer folop traind by SDS! Jan Stenekes docht de kantine om 20.30 oere iepen sadat dêr noch efkes noflik neisitten wurde kin. Jan draait fêst in noflik stikje muzyk en tagelyk kinne de wedstriden yn de Europa-League besjoen wurde. Jim binne allegear fan herte wolkom!
Afbeeldingsresultaat voor jan stenekes

SDS 1 om 17.00 oere

Wij kinne it net genôch beneidrukke. SDS 1 spilet sneon om 17.00 oere thús tsjin Willemsoord 1. Nei de tiid muzyk.

SDS 1

Suksessen út it ferline biede gjin garansje foar hjoed de dei, mar wij sjogge dochs efkes werom nei de ienige eardere konfrontaasje yn Easterein. Sjoch hjir foar mear ynformaasje

Wedstriidsponsers


Ek dizze kear wer twa wedstriidsponsers, wêr’t de klup hiel bliid mei is.

SDS 4

De kans dat SDS 4 sneon fuotballet is s goed as 100%. No ’t SDS 1 pas om 17.00 oere fuotballet kin SDS 4 moai de foarwedstryd spylje op keunstgers om 14.30 oere tsjin Scharnegoutum 3. Wy ferwachtsje dan ek bulten supporters!

Ut in âlde krante


Dit stik komt út it seizoen 1983-1984.

Topskoorderslist aller tiden

Hjirûnder de boppeste 15 fan de topskoorderslist aller tiden fan SDS 1. Hy is noch net kompleet, want wy hawwe noch net alle doelpuntenmakkers op Voetbalnoord sette kinnen.
Wy tinke dat Hendrik de Jong noch wol graach in pear goaltjes meitsje wol yn SDS 1 om op 100 stiks te kommen. Oftewol 4 stjêrren op Voetbalnoord.

1 Jappie Wijnia 219
2 Hendrik de Jong 96
3 Robert Sybesma 93
4 Klaas Okkema 81
5 Jelmer Posthumus 62
6 Dirk-Yde Sjaarda 62
7 Floris Hiemstra 59
8 Douwe-Durk Reitsma 44
9 Wichard Deinum 42
10 Wim Bakker 40
11 Harm Stremler 37
12 Henk Walda 36
13 Wouter Hylkema 33
14 Gert-Jan Hiemstra 32
15 Tsjipke-Klaas Okkema 31

In reade kaart? Wat?

In terjochte reade kaart?! Wat? Watt! (klik hjir)

Harsens derby (1993)

It keunstgers hat ferskeidene nei- en foardielen. Ien foardiel is dat je net folle schwalbes sjogge………..

Letter miskien wol mear!