Weppers tongersdei 8-2-2018

Weppers tiisdei 6-2-2018
6 februari 2018
Weppers freed 9-2-2018
9 februari 2018

Wa wol dat no net?

SDS VR1 siket foar sneon noch in flagger. Sij spylje om 14.30 yn Mildaam en de froulju sizze ta dat it wer in hiele gesellige middei wurde sil. Stjoer in berjochtje nei Jacomien – jacomient@gmail.com –

SDS 1 – QVC 1

Sneon, at kening winter net ek de baas wurdt oer keunstgersfjilden, spilet SDS 1 tsjin QVC 1.  De ploech út Starum en Easterein spilen wolris faker tsjinelkoar yn Easterein. Sjoch hjir.

Ynhelje

SDS 1 moat noch twa útwedstriden ynhelje. Dy tsjin TOP’63 en De Wâlde. Beide wedstriden binne ynmiddels ynlast. TOP’63 út wie al fêststeld op sneon 24 febrewaris. De Wâlde út is no ek fêststeld. Dizze wurdt spile op sneon 3 maart om 14.30 oere.

SDS seal ûnderút

De sealfuotballers hawwe gjin lêst fan winterteannen yn de sporthal. Sij wiene juster aktyf yn it Hearrenfean. In grut súkses waard dat net, want SDS ferlear mei 6-3. De ommekear yn de wedstryd wie in ûnterjochte reade kaart foar Johan D. alias Johan Kraaij-junior.

SDS 2 spilet lyk tsjin Heeg 2

SDS 2 hat tiisdeitejûn yn de oefenwedstryd tsjin Heeg 2 mei 1-1 lykspile. Dirk de Jong makke foar SDS 2 de goal. SDS 2 wie yn de twadde helte sterker mar slagge der net yn de kansen ôf te meitsjen. SDS 2 mei sneon foar it earst wer los. Sy spylje om 14.30 oere út tsjin Wykels-Hallum 2. As it trochgiet…………

SDS 4; pechfûgel fan it seizoen

SDS 4 is by SDS oant no ta de grutste pechfûgel fan it seizoen. Sy binne it faakst ôflast fan alle teams en sels doe ’t sy in kear op it haadfjild oefenje woenen waard de oefenwedstryd ôflast om ’t it izele hie………. Om de mannen in hert ûnder de rym te stekken kinne sy jûn in ‘konsumpsje’ krije op kosten fan SDS yn de kantine.

Kantine is iepen

Jûn nei it trainen kin de waarmte opsocht wurde fan de kantine wêr as Auke-Jetze Kroondijk net allinnich de kachel waarm hat, mar ek de frikandellen. En dan ûnder it genot fan in gleske kola je nije team foar de SDS-League ynfulle! Wat wolle je noch mear?

Ut de âlde doaze

Wij fûnen noch in winterske foto fan SDS 5 foar in wedstriid yn Ljouwert. Foardat harren wedstriid begong en se nei bûten jaaid wiene troch de lieder foar in waarming-up, stiene se harren lekker op te waarmjen tsjin de muorre oan…….de knuffelmuorre

De nije SDS-League

De measten binne de hiele wike al oan it skouten foar harren nije team yn de SDS-League. Wy binne hast wol benijd wat dit allegear opsmyt. Graach je team ynfulle foar kommende sneon 19.00 oere. Der lizze jûn ynfulformulieren yn de kantine!

Harsens derby (1984)

Oan de oanrin leit it net……………………, mar wat in penalty……………