Weppers tongersdei 22-3-2018

Weppers tiisdei 20-3-2018
20 maart 2018
SDS-League: ‘14.00 uur koffie, Eeltje’ pakt wykpriis!
22 maart 2018

Ziggo

It wie foar de webmasters juster wer in maklike dei. Omdat zij beide wurkje fanút Ziggo en omdat dy juster de hiele dei in steuring hie, moasten de weppers wachtsje oant hjoed.

SDS seal ferliest

Justerjûn mochten de sealjonges fan SDS ek wer los. Yn in frijwol útferkochte tiidwaarnimmingsromte waard mei 2-4 ferlern fan Black Boys 2.

SDS 1 – Nijland 1


Foarútsjen nei dizze wedstriid dat docht yn alle gefallen Op’e Skille, dy’t juster wer yn de bus fallen is.  Op de foarside komt fansels Douwe Posthuma oan it wurd fanwege it feit dat hij no trainer fan Nijland  is en folgjend jier fan SDS. De foarsitter fan Nijland Jappie de Boer weaget him yn dit artikel oan in foarsizzing (1-3) en dat wol de foarsitter fan SDS ek wol efkes dwaan. Willem Wijnia tinkt dat it 4-1 wurdt.

SDS 1- Nijland 1

Voetbal Nederland hat ek wer werom en foarút sjoen nei de kommende wedstriid. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Mei de Peaske mei de bus nei Bant!

SDS 1 mei op peaskemoandei om 14.30 oere spylje út by Bant. Foar dizze spesjale gelegenheid hawwe wy in peaskebus regele. Wa ’t mei wol kin him melde by Willem Wijnia. De bus fertrekt om 12.30 oere út Easterein. Foar peasaaien wurdt soarge! 😉

Fersetten

Nijland 1 mocht fan de KNVB op Aaipopmoandei ynhelje, mar dat slagget fansels net. Nijland sil no op tiisdeitejûn 24 april ynhelje thús tsjin DWP.

Keunstgêrs

Der sille noch wol gauris ûndersiken foar it ljocht komme nei de skadelikens fan keunstgerskorrels. Yn it AD stie der no wer ris in artikel oer.

De kantine is jûn wer iepen

Nei it trainen fan SDS JO19, 1, 2, 3 en 4 is de kantine ek wer iepen. Pieter Kamstra stiet yn de kantine foar jim klear om jim te foarsjen fan de hearlijkste hapkes en snapkes. Sa binne der frikandellen en miskien no ek wol tosti’s.

De nije Treffer

Op dit momint wurdt de lêste hân lein oan de nije Treffer. Moandei sil der nei ús haadstiper Van der Eems om him te drukken en dan falt der moai mei de Peaske by jim troch de bus.

Harsens derby (1998)

Terjochte penalty fansels……………