Weppers tongersdei 19-4-2018

SDS JO 19-1 – ONB JO19-1      5-1

It giet mar best mei SDS JO19-1  nei de winterstop. Al wer in oerwinning. Underwilens hawwe se al aardich wat ploegen ûnder harren stean. Sjoch hjir.

Yn de  waarme seal

It sil wol waarm yn de seal west ha bij Futsal Heerenveen – SDS seal.  De útslach wie foar SDS in kâlde brûs: 7-0 ferlies.

Tuskenstanden

Hoe’t de teams fan SDS der foar stean kinne jim hjir sjen.

NOK 1 – SDS 1

Yn 1992 wûn SDS 1 foar it lêst yn Aldemardum tsjin NOK1. Dat wurdt dus wol wer tiid. Sneon is der wer in kâns. NOK 1 – SDS 1 stiet op it programma. Sjoch hjir.

Durk & Siemie

Durk en Siemie hawwe it Dielshûs yn Wommels net mear, mar wienen ôfrûne sneon noch wol foar ien kear wedstriidstiper by SDS 1 – De Wâlde 1. Sy binne jierrenlang stiper west by SDS en wolle hjir net samar mei stopje en hawwe beslúten om troch te gean as Freon fan SDS. Dêr binne wy tige wiis mei!

Kantine

De kantine is jûn wer iepen en Christiaan Hoekstra fersoarget de hapkes en drankjes. Nei sa ’n waarme dei binne je wol ta oan in friske!

En in frikandeltsje fansels!

Kassademo

De Skoalleseize fersoarget jûn ek in demo yn it ramt fan it nije kassasysteem. It soe moai wêze as alle bardraaiers efkes delkomme. It begjint om 20.00 oere en duorret oant in oer as 20.45 oere. Der wurdt soarge foar in hapke en in drankje. Freedtejûn is dizze kassademo nochris fan 20.00 oant in oere as 20.45.

Ut in âlde doaze


In beslissingswedstriid dy’t net beslist wurdt. Nei de reguliere tiid en 4 * 7,5 minuten (!) ferlinge moasten de ploegen op werhelling. It resultaat dêrfan is ús net bekend.

Harsens derby (2013)

Wat moatte je no as der net folle supporters rûn it fjild stean dy ’t jûchheie om ’t je skoord hawwe? Dan moatte je it sels mar dwaan!