Weppers tongersdei 15-3

Weppers tiisdei 13-3
13 maart 2018
SDS-League: ‘It kin Elger!’
15 maart 2018

Bant 1 – SDS 1

Sa as gewoan ek noch wer in oersicht fan VoetbalNederland fan de sneon te spyljen wedstriid Bant 1 – SDS 1. Wa fan SDS skoarde dêr  ea yn de polder? Sjoch hjir.

Mei de bus nei Bant!

SDS 1 sil sneon wer ris yn de bus nei in útwedstryd. Dit kear nei Bant. Wolle je ek mei as supporter mail dan nei info@vv-sds.nl of stjit foarsitter Willem Wijnia efkes oan. Foar €5,- kinne je al mei.

SDS MO13-1 ûnderút tsjin Mulier JO 11-1

MO13-1 hat tiisdeitejûn mei 0-2 fan de wetterflugge froulju fan Mulier ferlern. It wie in moaie sportieve pot fuotbal mei kânsen oan beide kanten. Fansels gienen de froulju ek noch efkes tegeare op de foto.

Slotjûn SDS-jeugd

De jierlijkse slotjûn foar de SDS-jeugd is dit jier op freedtejûn 25 maaie.

Skoallefuotbaltoernoai

It jierlijkse skoallefuotbaltoernoai is dit jier op woansdei 16 maaie.

De kantine is jûn wer iepen

Nei it trainen fan SDS JO19, 1, 2, 3 en 4 is de kantine ek wer iepen. Allert stiet yn de kantine foar jim klear om jim te foarsjen fan de hearlijkste hapkes en snapkes. Sa binne der frikandellen en miskien no ek wol tosti’s.

En bananen…………

Spotprint


De wedstriid Man United- Sevilla wie noch gjin 5 tellen dien, of op twitter ferskynde al in moaie spotprint fan de ploech fan Frank de Boer fan Mourinho, dy’t  net mear meidogge op CL karre.

Harsens derby (1995)

By SDS binne wy noch drok op syk nei skiedsrjochters. It meie efentueel ek skiedsrjochtsters wêze fansels. Of assistent-skiedsrjochtsters……..