Weppers tongersdei 15-2-2018

Weppers moandei 12-2-2018
12 februari 2018
SDS-League: ‘Pablo Rispens’ grypt wykpriis!
16 februari 2018

Poiesz-jeugdsponseraksje

Mei de jeugdsponseraksje fan de Poiesz kin SDS net allinnich munten krije troch de munten dy ’t je by de Poiesz krije yn de Poiesz yn Skearnegoputum yn de SDS-koker te dwaan, mar ek troch op SDS te stimmen op de Poeisz-webside. Dat kinne jim hjir dwaan.

SDS seal

Justerjûn om 21.00 oere wie de sealwedstriid SDS 1- sc Bolsward 3. Foar de rêst gie it hin en wer. 1-0 foar, 2-1 efter, 3-2 foar en dochs wer 3-3. Dêrnei rûn SDS út nei 6-3 en wûn de wedstryd ek mei dizze sifers. Eeltje en Johan makken beide 2 goals, lykas Pieters. Oftewol Pieter ‘Snits’ 1 en Pieter ‘Wommels’ 1. In knappe oerwinning mei help fan de fêste hooligans Dirk, Wouter en Tjeerd.

SDS 1 sneon út

Kommensde sneon moat SDS 1 fuotbalje yn Sint Jansgea.  DWP 1 is de tsjinstanner. It begjint dêr om 14.30 oere. It sil wol trochgean want keunstgers is de ûndergrûn.

SDS 2 sneon thús

SDS 2 mei sneon wer thús fuotbalje. Minnertsga is de tsjinstanner en it begjint 15.00 oer.

Gjin winterstop?


Wij fregen ús ôf at er froeger gjin winters wiene. Yn it seizoen 1982-1983  spile SDS 1 de earste wedstriid yn it nije jier op 8 jannewaris.

SDS-League

Wy binne drok dwaande om alle teams yn te fieren foar de nije SDS-League. Wy binne der noch net wis fan as wy jûn de nijste stân al hawwe. It sil wol moarn wurde.

Harsens derby (1987)

Tikkie werom, Jaap!!