Weppers tongersdei 14-12-2017

Weppers woansdei 13-12
13 december 2017
SDS-League: Alwer 2 wykpriiswinners!
14 december 2017

Pengel

Pengel is in alderaardichste webside oer it fuotbal yn Snits. Koarte wedstriidferslaggen, nijsgjirrige nijtsjes en mieningen en meastal in foarútblik nei it kommend wykein fan alle Snitser klups.  Sa sjocht menear Pengel ek dizze kear wer foar;ut nei SDS1 – WPB 1. Sjoch hjir. Wol spitich dat it yn Snits noch net bekend is dat Oosterend op Texel en Skylge leit en Easterein yn de moaiste gemeente fan Nederlân leit.

Sponsoren fan de wedstriidbal

Kommende sneon binne der ek wer twa wedstriidsponsoren bij SDS 1- WPB 1.

Foarútsjen nei SDS – WPB

Ek op de webside fan Waterpoort Boys sjogge sy alfêst efkes foarút nei de ‘zelden saaie’ streekderby SDS – WPB fan kommende sneon. Sjoch hjir.

Alde kij

Wij wolle fansels gjin âlde kij út de feart helje mar kamen hiel tafallich dit stikje fan 2001 tsjin. It helle doe de rubryk Sportspotjes yn de Ljouwerter Krante. Wij hawwe gjin idee om wa’t dit giet…..

Douwe op de poster fan de VI

De nije takomstige trainer fan SDS, Douwe Posthuma, stiet dizze wike op de middenside fan de Voetbal International. Moai foar boppe it bêd! En oh ja, Douwe stiet krekt njonken de dug-out en Pyt Nota op de oare kant. De foto komt út de wedstryd Willemsoord – Nijland dy ’t Nijland mei 4-0 wûn.

Harsens derby (1962)

Dat is sportyf!