Weppers tongersdei 12-4-2018

Weppers woansdei 11-4-2018
11 april 2018
SDS-League: ‘MarkrEeltje’ pakt wykpriis!
12 april 2018

Dropferkeapers

De jeugd fan SDS is dizze wike drok mei de drop. Wij binne benijd at er ek aardige dropferkeapfoto’s binne. Mail of app se ús.

SDS Seal

Justerjûn de wedstriid tsjin Futsal Heerenveen 2. It waard in 2-6 nederlaach.

SDS 1 – de Wâlde 1

Sneon om 14.30 spilet SDS 1 tsjin de Wâlde 1.  En dat is de ploech mei de minste ferliespunten yn de tredde klasse A.  Hoe’t se earder tsjin oerelkoar stiene yn Easterein en wa’t it lêste SDS doelpunt makke hat, kinne jim hjir sjen.

Standen

Standen yn de kompetysje fan alle teams fan SDS kinne jim hjir sjen.

De kantine is iepen!

Jûn hat Pieter Wesselius bartsjinst en sil elkenien wer foarsjen fan in hapke en in snapke!

Aksje


Aksjes om jild binnen te heljen foar de klup binne fan alle tiden. Op dit momint kinne jim de dropferkeapers fan SDS oan de doar krije. Yn 1977 wie der meast in bazar foar SDS en dy brocht wol aardich wat op.

SDS-League

Jûn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS-League fine! Soe SDS 4 it noch altiten sa goed dwaan!

Harsens derby (2010)

As je it sa wolle dan slagget it je net.